Bydrage provinsje Fryslân foar stedhûs Boalsert

oktober 25, 2018 09:51

Ofbylding: fan Wikipedia

Stedhûs Boalsert is ien fan de wichtichste monuminten yn Fryslân. De provinsje draacht € 3 miljoen by oan de ferbou en werbestimming fan it stedhûs ta Histoarysk Sintrum Westergoa. It totale projekt bedraacht € 8,5 miljoen euro. De ferbouwing fan it stedhûs wurdt op koarte termyn mei úteinset, it stribjen is om ein 2019 klear te wêzen mei it wurk.

“Mei dizze bydrage út it gebietsfûns meitsje wy it mei mooglik dat stedhûs Boalsert wer in brûzjend plak wurdt, in hûs fan de stêd, dêr’t Boalserters en besikers graach komme,” seit deputearre Sander de Rouwe. “Wy behâlde in ikoan foar de stêd, de regio en de provinsje.”

Wethâlder Stella van Gent fan Súdwest-Fryslân is tige bliid mei de fikse finansjele bydrage fan de Provinsje. “It lit sjen dat it belang fan dit projekt folle fierder rikt as Boalsert en ús gemeente.” Earder toanden fjouwer Boalserter stiftingen – it Sint Anthony Gasthûs, de Hendrick Nannes & Catrijn Epesstichting, it Weeshuis en it Fûns Bolsward-Dronrijp – al har belutsenens troch mei-inoar € 1,25 miljoen te donearjen. De Rabobank draacht ek finansjeel by (€ 100.000).

Skiednis sichtber en fielber
It Stedhûs fan Boalsert waard yn de jierren 1613-1617 boud neffens plannen fan boargemaster/kistemakker Jacob Gijsberts (heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx) en útfierd troch stedsmitseler Marten Domenici. It stedhûs is in Ryksmonumint dêr’t nei de gemeentlike weryndieling yn 2011 in nije bestimming foar socht waard.

Mei de realisaasje fan it Histoarysk Sintrum Westergoa wurdt de skiednis fan it gebiet wer sichtber en fielber makke. “Mei de biblioteek en de Boalseter musea”, neffens Van Gent. Sa krije ûnder oare de argiven fan de gemeente Súdwest-Fryslân en syn rjochtsfoargongers dêr in plak. Dat argyfbewarplak wurdt efter it stedhûs boud, op it Raadhuisplein.

oktober 25, 2018 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.