Brânmerkjende paadfinerlieder frijsprutsen fan mishanneling

oktober 11, 2018 15:18

Yn septimber berjochte It Nijs oer in lieder by de paadfiners dy’t fertocht waard fan it brânmerkjen fan twa bern (link). De man is frijsprutsen fan mishanneling, mar wol feroardiele foar it ferwûnjen fan ‘e bern troch ûnachtsumens.

De 23-jierrige Mark B. hie wol in brânizer mei de letter FN tsjin de rêch fan ‘e bern drukt, mar it wie net bewiisd dat er wist dat it izer sa hyt wie dat it groeden benefterlitte koe. B. hie it izer sels ticht by de earm hâlden om nei te gean oft it net te waarm wie.

It Iepenbier Ministearje giet yn berop tsjin de útspraak.

oktober 11, 2018 15:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*