Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 18

oktober 1, 2018 10:10

Kollum

Wat diene de Denen dat wy net diene?

De kommende fiif jier sil dúdlik wurde oft Nederlân de omslach nei duorsume enerzjy einliks yn ’e klauwen kriget, Fryslân dus ek!

Elkenien fielt wol dat der in feroaring begûn is. Men sjocht hieltyd faker elektryske auto’s. Se wurde goedkeaper en kinne hieltyd mear. It tal sinneparken sil fan ’t jier yn Fryslân enoarm tanimme. Mar spitigernôch sit Nederlân noch mar op seis persint duorsume enerzjy en dat getal stiicht net mei in pear sinneparken.

Yn Europa is Sweden de grutte koprinner. Al mear as fyftich persint wurdt duorsum wûn. Mar…, Sweden hat it ek wol makliker. Der binne in soad opslachmarren (mear as tûzen) dy’t skjinne stroom winne en Sweden hat in protte hout, dat se foar enerzjywinning brûke. Wy hawwe gjin opslachmarren en yn ferhâlding hast gjin bosken. Gjin earlike ferliking dus. Better is it en ferlykje mei Denemarken. Krekt as Nederlân, flak en deselde temperatueren. Denemarken hat al 35 persint realisearre, royaal foar 2020. Nederlân hat noch net iens de helte fan syn 14 persint realisearre. Hoe hawwe de Denen dat foarinoar krige?

De Denen seagen yn de tachtiger jierren al dat se by gebrek oan eigen gas- en oaljefjilden folslein ôfhinklik waarden fan enerzjy-ymport. Nei de oaljekrisis fan 1973 waard dat pynlik dúdlik, dus stelde de oerheid strange regels op foar it besparjen en duorsum winnen fan enerzjy. Boppedat ferhege it regear de enerzjyprizen. Dêr waard it hieltyd oantrekliker troch om te isolearjen en om sels enerzjy te winnen. Grutte waarmtenetten waarden oanlein, koöperaasjes waarden oprjochte troch de befolking en bedriuwen begûnen mear jild te fertsjinjen mei duorsume enerzjy. Mear banen, legere kosten en noch hieltyd is de stroom yn Denemarken in dûbeltsje djoerder as yn Nederlân.

De kommende jierren sille wy dat ek meimeitsje. De enerzjy wurdt djoerder, ynvestearjen wurdt makliker troch goedkeape lieningen en op ’e dyk sille hieltyd mear skjinne auto’s te sjen wêze. Uteinlik binne it stjoeren troch de oerheid en de wissichheid fan de kosten de grutte drager fan feroaring.

De Denen diene it foar de eigen ekonomy. Uteinlik sil hjir ek bliken dwaan dat dat de grutste driuwfear is!

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert en projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.

 

oktober 1, 2018 10:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*