Bombrieven foar Obama en Clinton

oktober 24, 2018 19:14

Foto: morguefile.com

De eardere presidint fan de Feriene Steaten  Barack Obama en syn doetiidske minister fan útlânske saken Hilary Clinton hawwe bombrieven tastjoerd krige. De pakjes wiene nei harren thúsadres stjoerd. Oankommen binne se lykwols net. Alle post foar de politisy wurdt earst troch feilichheidsminsken kontrolearre.

Net allinne de politisy hawwe bompakjes krige. Moandei krige sakeman George Soros ien. Dat kaam wol oan, mar it waard net iepenmakke. De plysje hat it oarsearne ta ûntploffing brocht. It gebou fan omroporganisaasje CNN is ek ûntromme, mei’t dêr mooglik in bom lizze soe.

oktober 24, 2018 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.