Boargemaster nimt mei jongste boargers moarnsbrochje
Resint ferskynd
Learlingen fan groep 7 en 8 fan KBS De Bining út Westergeast skowe 6 novimber om 8.30 oere by boargemaster Bearn Bilker en de wethâlders Benedictus, Boerema en Maasbommel oan foar it maornsbrochje om mei- inoar te genietsjen fan in sûn en streksum miel.
De wike fan 5 novimber is útroppen ta de Wike fan it Nasjonaal Skoallebrochje. Mear as in heal miljoen bern leare yn dy wike alles oer de bêste start fan de dei en brea-ite sûn op skoalle.
Foar it kolleezje fan B&W is it tagelyk de lêste kear dat bern útnûge wurde foar in miel. Op 1 jannewaris 2019 giet de gemeente Kollumerlân c.a. mei de gemeenten Dongeradiel en Ferwerderadiel op yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje