Bernedeiferbliuw ‘Bernefleur’ yn Balk op ‘e nij sertifisearre foar twatalich wurkjen

oktober 12, 2018 08:17

Bernefleur – bûtendoar boartsje – foto: KDV Balk Kids First

Bernedeiferbliuw Bernefleur wurket sûnt 2012 mei in twatalich belied. Yn it ferline hat it dêr it sertifikaat ‘bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling’ foar behelle. Dat hâldt yn dat neffens in tal rjochtlinen wurke wurdt om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Bern dy’t fan jongs ôf twatalich opgroeie, kinne letter bygelyks makliker nije talen leare en kinne better rekkenje.

Op Bernefleur is omtinken foar likegoed it Frysk as it Nederlânsk. Guon pedagogysk meiwurksters prate Frysk mei elkenien, oaren dogge dat yn it Nederlânsk. Der wurde taalaktiviteiten yn beide talen oanbean, lykas foarlêzen en sjongen. Der wurdt ek wurke mei de praatpoppen Puk en Tomke. Troch it Frysk en it Nederlânsk dúdlik apart te hâlden krije bern de kâns om de talen goed oan te learen.

In fisitaasjekommisje fan Stifting Frysktalige Berne-opfang hat op it bernedeiferbliuw west om te besjen oft der op Bernefleur noch hieltyd wurke wurdt neffens de rjochtlinen fan it twatalich belied. De kommisje hat ûnder mear sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Ut it ferslach: De liedsters biede in ôfwikseljend, útnûgjend en boartlik deiprogramma oan, keppele oan tema’s. Se passe de aktiviteiten op in natuerlike wize oan it nivo (leeftiid) fan de bern oan. En: Yn ynformele situaasjes en bewust keazen aktiviteiten besykje de liedsters de taalûntjouwing fan de bern te stimulearjen. Ek moai is te sjen hoe’t se dat dogge by de fersoargjende taken. Myn kompliminten.

oktober 12, 2018 08:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.