België hat nije gemeenterieden en boargemasters keazen

oktober 14, 2018 23:41

De kustgemeenten hawwe op lokale partijen stimd, West-Flaanderen en Limburch op de kristen-demokraten, East-Flaanderen op de liberalen en Antwerpen op de Flaamsk-nasjonalistyske N-VA. Yn Flaamsk-Brabân is in grut ferskaat te sjen. Brussel stimde sosjalistysk en grien, Walloanië op lokale partijen.

Dat is likernôch de útkomst fan de gemeenterieds- en boargemastersferkiezings yn België. Yn Antwerpen bliuwt Bart de Wever nei alle gedachten boargemaster. Elio di Rupo rekket it boargemasterskip fan Bergen kwyt. It ekstreem-rjochtse Vlaams Belang kriget nei alle gedachten foar it earst in boargemaster, nammentlik yn de stêd Ninove yn East-Flaanderen.

Der driget in taalrel yn in pear Flaamske gemeenten dy’t sterk ferfrânske binne. It giet om Linkebeek, Kraainem, Drogenbos en Wezenbeek-Oppem. Dy ferstjoerden yn it ferline Frânsktalige stimkaarten oan Frânsktalige ynwenners. It Flaamske regear is fan betinken dat dat net strykt mei de taalwetten en hat dêrom yn it plak fan de gemeenten Nederlânsktalige kaarten ferstjoerd. In pear fan ‘e gemeenten hawwe dêrneist lykwols sels ek wer Frânsktalige útnûgings ferstjoerd.

oktober 14, 2018 23:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.