Beieren kiest foar de ekstremen

oktober 15, 2018 00:11

De Súd-Dútske dielsteat Beieren hat brutsen mei in lange tradysje. De kristen-demokratyske CSU hat foar it earst sûnt 1950 gjin absolute mearderheid yn it parlemint.

Mei 37,4 persint is de CSU noch wol de grutste partij, mar de kristen-demokraten sille in koälysje slute moatte. Dat kin net mei de oare tradisjonele middenpartij, de sosjaal-demokratyske SPD. Dy hat ek hurde klappen krige. De partij hat noch mar 9,6 persint fan de stimmen, sadat in CSU/SPD-koälysje gjin mearderheid mear hat.

De grutte winners binne de partijen mei útsprutsen programma’s. Oan ‘e rjochterkant is dat de AfD, dy’t mei 10,3 persint fan de stimmen foar it earst yn it parlemint komt. Oan ‘e lofterkant is it Bündnis90 / Die Grünen.

Neffens NOS-korrespondinte Judith van de Hulsbeek binne rjochtse kiezers fan betinken dat de CSU te lofts wurden is. Hja binne oerstapt nei de AfD. Om harren werom te winnen is de CSU yn syn stânpunten nei rjochts opskood, sadat de liberaal en kristlik oriïntearre kiezers de partij ek ynruile hawwe foar in oaren, almeast Bündnis90 / Die Grünen.

oktober 15, 2018 00:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.