Auteursbesite Bob Roth op 24 oktober
Resint ferskynd
Lêzing yn ’e mande mei David Lynch
Yn De kracht van Transcedente Meditatie leit Bob Roth, learaar foar bekende figueren yn de media- en sakewrâld, yn heldere stappen út hoe’t men profitearje kin fan Transedinte Meditaasje.
Transedinte Meditaasje (TM) is in ienfâldige technyk foar it opladen fan geast en lichem. Dêr wurdt gjin gebrûk by makke fan konsintraasje, behearsking fan de geast, kontemplaasje of observaasje fan tinzen, lykas by oare meditaasjefoarmen, mar ûnderfynt de geast sûnder muoite in djippe inerlike stilte en rêst. As jonge skeptikus learde er de keunsten fan de grûnlizzer fan TM, Maharishi Mahesh Yogi.
Auteursbesite
Op woansdei 24 oktober komt Bob Roth nei de VU Amsterdam foar in lêzing. David Lynch sil dêr mei in streekrjochte ferbining út Los Angeles wei by oanwêzich wêze.
By de lêzing besprekke Roth en Lynch hoe’t bewustwêzen de boarne is fan alle kreative ynspiraasje. En hoe’t men jins libben transformearje en jins folsleine potinsjeel ûntwikkelje kin, troch it beoefenjen fan Transedinte Meditaasje. In technyk dy’t him yn de praktyk bewiisd hat. Der sil in seldsume gelegenheid wêze om fia fideolink fragen te stellen oan de ferneamde filmmakker en kreatyf sjeny David Lynch, oer meditaasje, film, kreativiteit en de sosjale programma’s fan de David Lynch Foundation.
Woansdei 24 oktober, 20.00 oere, Frije Universiteit, seal KC07, De Boelelaan 1105 yn Amsterdam.
Klik hjir om jo oan te melden foar de lêzing.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje