As de juf gjin Frysk ken …

oktober 19, 2018 14:57

Fryske les op skoalle moat tenei mar jûn wurde troch frijwilligers. Op tefolle skoallen binne de juffen en masters fan betinken dat hja dat sels net goed genôch kinne. Dêrom dogge ûnderwiisstipetsjinst Cedin en it Sintrum Frysktalige Berne-opfang in oprop oan minsken dy’t it Frysk goed behearskje om as frijwilliger Frysk te jaan.

De frijwilligers wurde op it stuit socht foar de plakken Snits, Boalsert, Drachten en it Hearrenfean. Hja krije in lytse kursus en materiaal. It doel is dat de frijwilligers ien kear wyks in moarnsskoft of middei helpe. Hja krije der in fergoeding foar.

Minsken dy’t der belang by hawwe, kinne in e-mail stjoere nei g.beetstra@sfbo.nl.

 

oktober 19, 2018 14:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.