Aldste Nederlânsk is eins Iersk

oktober 20, 2018 16:48

De ôfrûne dagen berjochte It Nijs oer in wurd dat oantroffen wie yn in Ierske tekst: blinn auga. Neffens taalkundige Peter Alexander Kerkhof wie dat in Aldnederlânsk wurd út de sânde ieu. Taalkundige Gertjan Postma wie it dêr net mei iens. Neffens him wie it in Noarsk wurd út de trettjinde ieu. It soe yn it Iersk oernaam wêze út it Noarsk, dat yn ‘e midsieuwen op guon plakken yn Skotlân praat waard. Dat makke er tongersdei buorkundich.

De Utertske taalkundige Peter Schrijver falt Postma by, mar korrizjearret him wol op in pear punten. Sa jout er oan dat de taalnamme Skotsk yn ‘e midsieuwen brûkt waard foar de Keltyske taal dy’t yn Ierlân én Skotlân praat waard. Dy soe him pas letter opsplisse yn wat wy no Iersk en Skotsk Gaelic neame.

Neffens Schrijver komt blinn auga yndied út it Noarsk, mar net út it Noarsk dat yn Skotlân praat waard. Hy tinkt dat de Ieren it oernommen hawwe fan de wytsingen út Noarwegen, dy’t Ierlân geregeld oandiene. It wurd blinn auga is neffens Schrijver oernommen yn dy âlde Keltyske taal fan Ierlân en Skotlân. Schrijver wiist derop dat blinn auga yn fjouwer midsieuske wurdboeken fan it Iersk te finen is.

Klik hjir om Schrijver syn stik te lêzen.

oktober 20, 2018 16:48
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Eibert oktober 20, 20:14

    Dit is misliedend te bewearen dat it âldste nederlânsk eins Iersk wie en dat wurdt ek troch net ien fan de skriuwers beweard: it âldste nederlânsk is Ingweoansk (Tacitus germania). De minsken sille dat sels wol sa eat as Ingwelsk neamd hawwe, letter Frysk. Ingelsk en frysk wie de selde taal. Mar Iersk,earder skotsk en britsk wie en is in folslein oare taal, dat famylje is fan Baskys en Bretons.

  2. Rob oktober 21, 10:47

    @Eibert: It spyt my, mar Baskysk is hielendal net besibbe oan de Keltyske talen of in oare tak fan’e Yndo-Jeropeaske talen. It is in taalfamylje op himsels. En hokker Germaanske taal der yn’e Romeinske tiid sprutsen waard hjir witte we ek net hielendal. It is sels net wis dat de Frisii fan doe de foarâlders fan de Friezen fan no binne. De Germaanske talen dy’t jo Yngweoansk neame hawwe nea in ienheid west. It is eins mear in term foar inkelde typyskheden dy’t in de West-Germaanske talen plakfûn hawwe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.