Alderein mei ûnthâldproblemen krije wenhûs yn Krústsjerke op it Hearrenfean

oktober 15, 2018 22:02

foto: Wonen bij September

De Krústsjerke op it Hearrenfean kriget in nije bestimming. It monumintale gebou oan de Boargemaster Falkenawei wurdt ferboud ta wenhûs foar âlderen mei ûnthâldproblemen. De organisaasje Wonen bij September hat de tsjerke oankocht en sil yn 2019 begjinne mei de ferbou en oanbou, sadat de nije bewenners der yn de simmer fan 2020 yn kinne.

De sawat hûndert jier âlde tsjerke hat oant 2012 tsjinst dien as tsjerke fan de PKN-gemeente Hearrenfean. De ôfrûne jierren stie it te keap, yn ôfwachting fan in geskikte keaper. De ferkeap oan September betsjut dat it gebou in grutte feroaring ûndergean sil: fan tsjerke nei wenhûs. September hat al mear wenhuzen foar âlderen mei ûnthâldproblemen yn Nederlân, ûnder mear ien yn Wytmarsum.

Bou en ferbou
De start fan de bou stiet plend foar de simmer fan 2019 en de earste bewenners kinne dan in jier letter, yn de simmer fan 2020, harren yntrek nimme. Foardat de bou úteinset, makket Wonen bij September in ûntwerp en freget dy in boufergunning oan. Om de bewenners in goed thús jaan te kinnen, sil de tsjerke ferboud wurde en sil in nij part oanboud wurde. Dêrby hâldt September rekken mei de monumintale status en de boustyl fan de neiste omjouwing.

Part fan de buert
Michiel van Putten, oprjochter fan Wonen bij September leit út wêrom’t de tsjerke it ideale plak is foar âlderen om te wenjen: “We sjogge in prachtige takomst as wenhûs foar âlderen mei ûnthâldproblemen op dit plak. In hûs dêr’t leafde, oandacht en belutsenheid sintraal steane en dêr’t se tige wolkom binne. Krekt as alle wenhuzen fan September yn Nederlân wurdt dit wenhûs boud op in plak dêr’t it noflik wenjen is. It hat ûnder gesellige, romme wenkeamers en in iepen ytkeuken. Dêr wurdt mei-inoar libbe, itensean, in spultsje dien of bygelyks de wask opteard. De ynrjochte wenkeamers hawwe altyd iepenslaande doarren nei tún en terras. Gewoan, om’t elk minske it noflik fynt om de frijheid te hawwen om nei bûten te gean as it lekker waar is.”

In thúsgefoel
De apparteminten bij September binne tusken de 31 en 38 m2 grut en kinne alhiel nei eigen smaak ôfwurke en ynrjochte wurde. Bewenners kinne it eigen húsrie meinimme, dêr’t it appartemint werkenber troch is, sa fertroud en feilich mooglik. Krek as thús. Fansels binne de wenhuzen taret op de âlde dei. Mar wol sa dat de húslikens net ferlern giet troch ûnnedige oanpassingen en helpmiddels. Wenje by September kin mei in CIZ-yndikaasje 4 of 5.

Mear ynformaasje en ynskriuwe
It is mooglik ynsjoch te krijen yn in oar wenhûs fan September yn de omjouwing, bygelyks yn Wytmarsum, yn Súd-West Fryslân. Ynskriuwe foar wenje by September it Hearrenfean is ek al mooglik.

oktober 15, 2018 22:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.