Al goed 1.400 minsken yn Noard-Nederlân kieze foar sinnepanielen fia Eigen Huis

oktober 13, 2018 08:14

Mear as 7.000 minsken yn de noardlike provinsjes hawwe har sûnt juny ynskreaun foar de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen fan Feriening Eigen Hûs. Al 1.400 dielnimmers hawwe it oanbod foar in folslein sinnepanielesysteem akseptearre.

Foto: pixabay.com

Oanbod noch ien wike beskikber
De lêste wike fan de aksje is yngien. Dielnimmers yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân hawwe oant en mei 19 oktober de tiid om te beslissen oft se it oanbod fia de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen akseptearje.

Trochsneed koarting fan 21%
In sinnepanielesysteem fia de kollektive ynkeap is yn trochsneed € 1.216,- goedkeaper as dat fan oare oanbieders (boarne: Milieu Centraal). De leveransiers kinne dy skerpe priis biede, mei’t se yn ien kear in protte klanten yn deselde regio betsjinje kinne. Dat smyt harren logistyk- en ynkeapfoardiel op.

Meidwaan is noch mooglik
Belangstellenden kinne har noch ynskriuwe om fuortdaliks in persoanlik oanbod te krijen. Oanmelde kin fia eigenhuis.nl/zon. Dêr is ek mear ynformaasje oer de aksje te finen.

Maklik en betrouber
Feriening Eigen Hûs is belangebehertiger foar húseigeners. De feriening wol mei de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen it oantugen fan in systeem fan goede kwaliteit makliker en foardieliger meitsje.

oktober 13, 2018 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.