Aant Mulder: Nacht yn ’e nane

oktober 30, 2018 07:47

Kollum

Nacht yn ’e nane. Dêr moast ik oan tinke doe’t ik lies oer de Nacht fan de nachten op sneon 27 oktober. Dy nacht is bedoeld om omtinken te freegjen foar ljochtfersmoarging en enerzjybesparring. Wa’t meidocht, docht as it tsjuster is safolle mooglik de ljochten út. It begûn allegearre yn 2006 en 2007 en stadichoan dogge hieltyd mear gemeenten, ynstellingen en bedriuwen mei. Fryslân is wat dat oanbelanget net in útsûndering. Dat barren wurdt holden yn de nacht dat de simmertiid wer wintertiid wurdt. De Nacht fan de nachten duorret dus in oere langer as oare nachten. Der binne dan rûnom aktiviteiten by kearsljocht, fetpotten, lampionnen of houtfjurren. De moaiste aktiviteiten wurde betocht yn dy tsjustere nacht. Of is it: yn dy donkere nacht? Beide wurden komme ommers yn it Frysk foar.

As we it oer tsjuster ha, dan bedoele we dat der net folle ljocht is. Dêrom sizze we dat it sa tsjuster is as de ierde, sa tsjuster as de nacht en ha we it oer piktsjuster en roettsjuster. As we it oer donker ha, dan bedoele we earder dat der net folle ljocht komme kin. Tink oan in donkere keamer of donker waar. Donker brûke we folle faker as it om lûden en stoffen, mar benammen as it om kleuren giet. Foarbylden: in donker stik, in donker pak, donkergrien en sa fierder. Beide wurden tsjuster en donker kinne we ek faak en folle figuerlik brûke. Tink mar oan: It is my tsjuster wat er bedoelt, in tsjuster man. Men kin it ek tsjuster ynsjen of gewoan tsjuster sjen. Datselde jildt fansels foar donker. It stiet der donker foar. Sa donker as in tsjerkfâd. Dat wurdt wol sein as immen in swart pak oan hat.

Foar de nacht sels en om dúdlik te meitsjen dat it hielendal tsjuster is, ha we nijsgjirrige omskriuwingen. Tink mar oan: neare nacht en nacht yn ’e nane. Dat wurdsje nane betsjut widze en wurdt eins net mear brûkt. Wy ha allinne noch Suze nane poppe (dat widzesankje), yn it naantsje gean en nacht yn ’e nane dus. Nacht yn ’e nane betsjut nei alle gedachten, dat it tsjuster is en dat men op bêd leit en mear figuerlik, dat der neat te belibjen is, dat it der saai is of dat sels fan malêze praat wurde kin. Ik wit noch wol in oare en gongbere útdrukking foar yn it naantsje gean. Dat is: Mei de hinnen op ’e beam. De tiid fan it tsjusterjen, dat wie de tiid om neat mear te dwaan, de tiid om noch efkes te skimerjen, de dei oer te eidzjen, ferhalen te fertellen en om dan yn ’t naantsje te gean. Sa koe men de oare deis wer moai op tiid by de wurken wêze. Sa hat it lang west. Dat wurdsje nacht mei it tsjuster dat derby heart, komt ek gauris yn útdrukkingen nei foaren. In foarbyld: Der is gjin nacht sa tsjuster of der komt wer in moarn op. Dy útdrukking is fansels figuerlik bedoeld. Sa fan: Der komme altyd wol wer bettere tiden. Wat foar dy útdrukking jildt, jildt ek foar de wurdsjes tsjuster en donker. Mar dat neamde ik al. It falt fierder op dat tsjuster en donker tichte byinoar lizze en gauris trochinoar helle wurde. Dat jildt foar de konkrete, mar helte mear foar de figuerlike betsjuttingen.

Werom nei ljocht en tsjuster. Dy oergongen fan de dei nei de nacht en oarsom binne yn alle gefallen wat de wurden oanbelanget nijsgjirrich. Der binne gâns wurden, útdrukkingen en sisiwizen, dy’t dêrmei te krijen ha. Wat dat oanbelanget binne healtsjuster, skimertsjuster, jin benachtsje litte wol dúdlik. Dat jildt ek foar skimerjen en skimerjûnjen. Dat is allegearre wol nei te kommen. Dat wurdt oars mei twiljocht, it begjint te twiljochtsjen sa’t it tsjusterjen yn de Wâlden ornaris neamd waard. Dat dûbele fan ljocht en tsjuster fine we werom yn dat twi dat twa betsjut. Dat wurd docht my hieltyd wer tinken oan ‘Twiljochtteltsjes’ fan Simke Kloasterman, mearkes dy’t oan ’e ein fan ’e dei by twiljocht prachtich foarlêzen of ferteld wurde koene. Der binne mear omskriuwingen lykas skimertsjuster, jûnje, skimerjûnje, skroarsjûn en skroarsoere. In skroar is in snider of in kleanmakker. Dy omskriuwingen mei skroar ha grif te krijen mei ‘De Lapekoer fan Gabe Skroar,’ it oerbegjin fan ‘Rimen en Teltsjes’ fan de Halbertsma’s. Dat is in ek in boek dêr’t ferhalen yn steane dy’t prachtich ferteld wurde kinne.

It is dúdlik. De jûns leit de klam op it tsjuster wurden, it tsjusterjen, de moarns op it ljocht wurden, it lemieren. Dat lemieren komt fan it Frânske wurdsje lumiére, dat ljocht betsjut. De moarn, dêr hearre ek wurden by as sinne-opgong, sinne-opkommen, de dage riist, moarnsdage, moarns ier, yn ’e iere moarn, ier en betiid, ier op ’e dei. Wa’t siket, fynt likegoed foar de jûnsskimer folle mear wurden as foar de moarnsskimer. Guon ha ’k al neamd. Dat hat fansels ek wol eigenskip om’t it jûns tagelyk de tiid wie om ferhalen te fertellen. By it lemieren fan de dei, moarns ier dus, is dat net oan ’e oarder. Dan moat der wurke wurde. Der is gjin tiid om te praten. Oars sein: Jûnspraat is gjin moarnspraat. Der moat wurke wurde, want: Moarns let de hiele dei let. De siswize: Foar achten sjonge nei achten gûle, makket datselde dúdlik. Dus gjin gedoch, gjin hiele ferhalen, mar gewoan oan ’e slach gean. De oare jûns docht der net mear ta, de nacht ek net. In minne nacht of net, men moat wer gewoan op tiid op jins plak wêze. Dêr is ek wol in útdrukking foar. Wa’t nachts fisket, moat deis netten druie (drûgje). Dat ha ’k faker as ien en twa kear te hearren krige. Fierder wol nimmen fansels dat fan him of har sein wurdt: As de sinne is yn syn nêst, binne loaie lju op har bêst. Nee, dan leaver betiid by de wurken wêze.

foto’s © Aant Mulder: Nacht fan de nachten yn Balk. Dy op de thússide is fan it Riedhûs.
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 27 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 30, 2018 07:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*