Aant Mulder: Mei in knypeach

oktober 2, 2018 07:00 Fernijd

Kollum

Falt it jimme ek op dat we fan ’t jier omraak knypeagje? Dat dwaan hat alles te krijen mei kulturele haadstêd Ljouwert/Fryslân 2018. Dat knypeagjen, dêr wurdt ornaris mei bedoeld dat der in link is tusken de oankundige aktiviteit en LF2018. It doel is fansels om sa wat mear jild en wat mear publisiteit te krijen. Hoewol, it sil earst en meast wol om de publisiteit gean. Wa’t mear jild wol, hie grif earder wêze moatten. Dat knypeagjen begjint my hieltyd faker op te fallen. Sa faak, dat ik der suver nitelich fan wurd. Ik wol it lêste foarbyld dat ik ûnder eagen krige, wol efkes beneame. Dan witte we wêr’t we it oer ha.

Dat is de útnûging om sneon 29 septimber nei it Reaklif ta te kommen om dêr mei te dwaan oan de betinking fan de Slach by Warns. Ik lês: ‘Mei in knypeach nei Ljouwert/Fryslân 2018 stiet dit jier de betinking fan de Slach by Warns yn it teken fan mienskip. De betinking as in Mienskipsdei mei as tema Sûnder mienskip gjin takomst. It moat in Mienskipsdei wurde, dat is dúdlik. Oan de doarpsbelangen yn Fryslân waard tagelyk frege om oarkonden oer de wearde fan de mienskip te tekenjen en werom te stjoeren. Ik wie benijd nei wat it allegearre opsmite soe. Moai wat doarpen ha de oarkonde tekene en weromstjoerd. In pear wiene sels mei in bydrage op it Klif oanwêzich. Dat foel net ôf. It wie lykwols net folle drokker as oars.

Dy knypeach wie yn ’t foar likegoed al net sûnder fertuten. Op de útnûging sjoch ik dat Lân fan Taal en it Prins Bernhard Cultuurfonds de betinking stypje. As ik sjoch dat ‘Lân fan Taal’ neamd wurdt, tink ik daliks oan dat grutte ferskaat fan streektalen en talen dat dêr omtinken kriget, de iene kear mei de namme op blokjes yn Obe, in pear wurdsjes, sintsjes, de oare kear mei gedichten, lieten en ferhalen yn MeM. De blokjes binne eins likefolle knypeagen. Men wurdt der suver mar wat blyntsjes fan. It is aardich, mar wat sjitte we dermei op? Fan Lân fan Taal hie ik hege ferwachtingen. De Prinsetún soe taletún wurde. It soe in plak wurde dêr’t benammen bern yn ’e kunde komme koene mei oare talen. Wy ha der in pear kear west, mei en sûnder bernsbern. De earste kear waarden we fleurich troch in frijwilliger ûntfongen. Wy mochten in moai wurd opskriuwe. Dat hie wol wat. Lân fan Taal is in hûd fol wurk. Dêr nim ik de pet foar ôf. Mar oft de doelen helle wurde? In lytse groep besikers sil it grif allegearre nijsgjirrich fine, mar de tafallich delkommende heit en mem mei bern fine der net folle. Hoewol, de speurtoch troch de Provinsjale Biblioteek is in boppeslach. Us pake- en beppesizzers binne yn alle gefallen suver út ’e skroeven as se oan de ein fan dy speurtocht alle trije foar de ynfolle opdrachteboekjes in moaie spultsjeset krije.

Hawar, mear frjemde wurden, mear Fryske wurdsjes as in soarte fan geveltsjefrysk, dat sil wol de ‘legacy’, dat we ek wol gewoan ‘legaat’ neame kinne, fan LF2018 wurde as it om streektalen en talen en benammen as it om de Fryske taal giet. Dat begjint al mei dy moaie kleurige neonwurdsjes yn in ferskaat oan talen yn Obe. Dêr slút Ljouwert wer moai by oan mei dy grutte wurden op guon gebouwen. Wurden as JA JONGU NEE JUH, HERT en sa fierder. Dat hat wol wat as alteast it ferhaal ferteld wurdt. Ik sjoch der lykwols earder moaie keunstwurken yn as foarbylden fan taal. Dy ‘legacy’ hat Ljouwert fierder ek goed begrepen. Sjoch it taalbeliedsplan der mar op nei. Dêr skriuwt it kolleezje fan B&W bygelyks dat se tekstuteringen yn de iepenbiere romte wolle. Moai, mar it helpt it Frysk net foarút. Datselde jildt foar de mienskip, dy’t nûge waard om nei de betinking op it Klif ta te kommen. Moai, mar it helpt de Fryske mienskip net foarút. Dêr leau ik neat fan.

Oer geveltsjefrysk praat. Dat Taalplan Frysk It is mei sizzen net te dwaan oangeande de ynventarisaasje fan it Frysk yn it ûnderwiis leit my wat dat oanbelanget ek dwers yn ’e mage. Dat rapport is daliks yn beide talen, it Frysk en it Hollânsk, beskikber. Dat wêrom soe men noch Frysk lêzen leare? De ynspekteur-generaal is ek net fan doel en lês Fryske rapporten, begryp ik. Wy komme sa net fierder as wêr’t we no binne: op syn heechsten dûbeltaligens. Dat is dúdlik. De ynhâld fan dat Taalplan is lykwols noch helte slimmer. No is 85% fan de learlingen dy’t fan skoalle komme analfabeet yn de eigen taal. Dat feroaret daliks net. De skoallen ha ommers oan 2030 ta de tiid krige om dêroan te foldwaan. 2030! Dat duorret dus noch tolve jier. Tagelyk mei it net oan de skoallen oplein wurde, mar moat it mei praten en mei arguminten helle wurde. Ik leau in protte, mar dat net. Fan en ta moatte guon dingen gewoan moatte! Oars binne it samar wurden, moaie wurden dêr’t we net folle fierder mei komme. ‘It is mei sizzen net te dwaan’ betsjut dan grif: wy sizze it wol, mar wy dogge it net. Dat soe samar de flagge wêze kinne dy’t de lading better dekt.

Wy sette yn op Fryske wurden, mar ha tagelyk te min omtinken foar de Fryske taal. Wy sette yn op de mienskip, mar ha tagelyk te min omtinken foar de Fryske mienskip. Mar nei 2030 hoege de bern dus net mear as analfabeet yn de eigen taal fan skoalle ôf te kommen as de skoallen dat wolle! Ik bin benijd! Mar soene we yn 2030 noch wol witte dat we dat yn 2018 ôfpraat ha? Of soe it dan wer tiid wêze foar in speurtocht troch de Provinsjale Biblioteek, in syktocht nei dat en oare rapporten!

foto’s © Aant Mulder

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 29 septimber yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle. (Diskear in lyts bytsje oanpast.)

 

oktober 2, 2018 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.