Aant Mulder: Dy Fryske mienskip

oktober 9, 2018 08:26

Kollum

Dy Fryske mienskip, dêr’t ik it de foarige kear oer hie, dêr wol ik it noch in kear oer ha. Ik ha begrepen dat guon media har by de betinking fan de Slach by Warns ôffregen hoelang’t dy betinking noch holden wurde sil. In nuvere fraach, want it hat der alles fan dat der linkendewei hieltyd wat mear flecht op ’e koai is. Wy tinke dat we dêr alle jierren deselde grize koppen sjogge. As dat sa wie, dan soe de betinking yndied gjin stân hâlde kinne. Mar dat is net sa. Ik mis ommers alle jierren hieltyd wer guon fan dy grize koppen. Dat de groep dochs earder grutter as lytser wurdt, kin mar ien ding betsjutte: der komme hieltyd wer nije minsken op de betinking ôf en dat wurde der stadichoan mear. Sa is it Klif in libbene rûnte fan Friezen of fan libbene fisken, sa’t Roel Falkena dat dêr treflik ferwurde. Sokke rûnten as it Klif binne der wol mear. Rûnten dêr’t foar in part deselde, mar foar in part ek hieltyd wer oare Friezen op ôfkomme. Dat bringt my ta it ynsjoch dat der eins folle mear Friezen binne as we op it Klif wolris tinke!

Sa ha we bygelyks âlden fan bern op twa- en trijetalige skoallen en âlden dy’t de bern deêr ek graach op hiene. Dat moat nei alle gedachten in moai grutte groep wêze. By de manifestaasje fan Sis Tsiis okkerjiers yn Ljouwert ha we dêr wat fan murken. It soe samar kinne dat in pear út dy rûnte wei ek wolris op it Klif komme, mar it sille faker de paken en beppen wêze. Der binne ek party folwoeksenen dy’t troch de jierren hinne op Afûk-kursussen it Frysk leard of it Frysk better leard ha. Eartiids kamen sokke minsken op de Afûk-ekskurzjedei ôf. Dy dei wurdt lykwols al in moai skoft net mear organisearre. Spitich. It is yn alle gefallen wer in hiele oare rûnte. It Klif sille se grif it measte net mei ha. Wat foar it ûnderwiis jildt, jildt ek foar de polityk. Wy ha de FNP. Minsken dy’t it goed foar ha mei it Frysk en mei Fryslân stimme gauris op dy partij of wurde der sels lid fan. Dy ha har eigen ledegearkomsten en temajûnen. Guon fan dy FNP’ers binne ek wolris op it Klif bywêzich, mar dat binne mar in pear fan dat tal leden en fan dat noch folle gruttere tal stimmers. As ik my beheine soe ta de FNP, doch ik oare partijen gjin rjocht. Dêr komme we ek gâns leden en stimmers tsjin dy’t it goed mei it Frysk en Fryslân foar ha. Inkeldris komme minsken út dy rûnten yn oare rûnten nei foaren. Folle faker lykje it KIif, ûnderwiis en polityk lykwols aparte wrâlden.

Dat jildt net allinne foar ûnderwiis en polityk. It jildt ek foar it tsjerklik en it sosjaal-kultureel libben. Ik wit wol, de tsjerke docht der hjoed-de-dei minder ta as wol west hat. Mar dochs wa’t nei Fryske tsjinsten ta giet, dy komme jo noch net daliks yn oare Fryske fermiddens tsjin. Wat foar de tsjerke jildt, jildt ek foar de sosjaal-kulturele wrâld. Minsken geane mei nocht en wille nei iepenloftspullen ta, dogge mei oan Fryske Kriten, genietsje fan Tryater. Oaren sjonge, meitsje muzyk of genietsje dêrfan. Folle net genôch. It binne foar in grut part wer eigen Fryske fermiddens. Dêr dogge ús dichters en skriuwers mei dichtersjûnen en boekebal ek oan mei. En dan ha we fansels ús Fryske ynstituten en ús Fryske bestjoerders. Ik tink oan meiwurkers, ûndersikers, direkteuren fan ynstituten as de Fryske Akademy, de Afûk, Tresoar. Ik tink oan ús Fryske riedsleden, wethâlders, boargemasters, oan ús Fryske steateleden, deputearren en kommissaris fan de Kening. It binne stik foar stik minsken dy’t it fleanende drok ha yn eigen fermiddens en sadwaande net oan oare takomme. Inkeldris tink ik wolris dat guon dat ek net wolle.

Hawar, de iene Fryske mienskip is de oare net. Wy binne allegearre drok dwaande om yn eigen fermiddens te genietsjen, of om dêr wat te beskreppen foar it Frysk en foar Fryslân. Oare rûnten ha we ornaris gjin tiid foar. Wy ha dêr gauris ek neat mei. Faak wolle we dêr net iens by hearre, wylst we dochs mei-inoar gewoan Frysk wêze wolle. Wat dat oanbelanget foarmje de dichters en skriuwers fan nei 1945 in moai foarbyld. Dan tink ik fansels oan Fedde Schurer. Dat wie in man dy’t eins yn alle mienskippen thús wie. Hy wie skoalmaster, dichter en skriuwer. Hy wie in man fan de tsjerke, hy wie politikus, sjoernalist en tagelyk mei it rjocht net ûnbekend. Hy kaam op it Klif en yn gâns oare rûnten. Gjin wûnder dat alle jierren yn de Provinsjale Biblioteek yn Ljouwert in lêzing mei syn namme, de Fedde Schurerlêzing, holden wurdt. Hy wie in man fan alle fermiddens, in man fan de ferbining. It is dêrom tagelyk nuver dat krekt dy man as it om de literatuer giet yn 1945 yn in ynliedend artikel yn it earste nûmer fan De Tsjerne skreau dat de ferbining ferbrutsen wurde moast. It sil nedich west ha.

Ik tink dat we der hjoed-de-dei wol wer wat oars tsjinoan sjogge. Fansels, wy moatte as it om de Fryske taal en kultuer giet net samar tefreden wêze. Wat wy dogge, moat de souwe treast wêze. Ljouwert/Fryslân 2018 smyt treflike foarbylden op. Dêr hoege we dus net daliks oer yn te sitten. It wurdt tiid om te dwaan wat Fedde Schurer eins syn hiele libben lang dien hat, de ferbining sykje. Wy moatte sels en as Fryske mienskippen folle mear de ferbining mei-inoar sykje en oangean. Dat soe tagelyk in part fan de ‘legacy’ fan LF2018 wêze moatte. Doch wat Fedde Schurer die. Immen moat fansels it foartou nimme. As ik in foarset jaan mei, soe de ynstânsje dy’t de Fedde Schurerlêzing organisearret him dêr hiel goed foar ynsette kinne.

Foto’s © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 6 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

oktober 9, 2018 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*