Aant Mulder: de kollum op deenkelsdag

oktober 23, 2018 06:30

Kollum

Dizze kollum stiet deenkelsdag op It Nijs. Deenkelsdag dat is Saksysk foar tiisdei. Ik ha dizze kollum dy namme jûn, om’t woansdei 10 oktober sân regionale oerheden (de provinsjes Drinte, Fryslân, Gelderlân en Oerisel en de gemeenten East- en Weststellingwerf) mei it Ryk in konvenant om it brûken fan it Nedersaksysk as streektaal te stimulearjen ûndertekenen. Dat de flagge koe út yn it noardeasten fan ús lân. Lokwinsken, net te min. Dêr sjogge se it as in erkenning fan har streektaal as in folweardige regionale taal. Mar oft dat wol sa is, dat kin men jin ôffreegje.

Weststellingwerf, ien fan de twa gemeenten dêr’t Stellingwerfsk praat wurdt

Oant no ta hie Nederlân neist it Nederlânsk al trije erkende regionale talen – it Frysk, it Nedersaksysk en it Limboarchs – en dêr is eins neat yn feroare. Dy erkenningen ha te krijen mei it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden. Jiertallen dy’t dêrby hearre binne 1992 (ûndertekening) en 1996 (ratifisearring). Sûnt binne it Frysk en it Nedersaksysk troch Nederlân erkend. It Limboarchsk dat earst net neamd waard, kaam der yn 1997 noch by en sadwaande wie op 1 maart 1998 alles yn kalk en semint en sûnt jildt dat Hânfêst. Opmurken moat wurde dat it Frysk in wat oare posysje ynnimt as de oare neamde regionale talen. It Frysk falt ûnder it saneamde diel III fan dat Hânfêst en dat betsjut dat der maatregels nommen wurde moatte om de taal te befoarderjen, op syn minst 35. Dat kinne alles byinoar 68 wêze. Dêr komme ek de berjochten wei dat de oerheid guon ferplichtingen foar it Frysk wol neikomt, mar dat foar ûnderwiis en media te min dien wurdt. Dat it Siuwsk der net by heart, fernuveret my. Se ha it dêr wol besocht, mar dat hat neat opsmiten. Datselde jildt eins foar it Biltsk dat okkerjiers noch besocht hat en krij erkenning.

Hawar, it giet diskear oer it Nedersaksysk en dat is no in folweardich en selsstannich ûnderdiel fan de taalsystematyk yn Nederlân. Sa stiet it yn in nijsberjocht fan de oerheid. Dy formulearring, dat is grif de útkomst fan in yngeande diskusje. Se ha it net oer streektalen en ek net oer talen. It sil ’t wol net, mar it hat der alles fan dat de geit en de koal sparre wurde.

De swierrichheden wurde daliks beneamd. Wy ha te krijen mei in streektaal dy’t oer de grinzen hinne praat wurdt. It Nedersaksysk wurdt net allinne yn it noardeasten fan ús lân, mar ek yn it noardwesten fan Dútslân praat en dat gebiet is aardich grutter as dat yn Nederlân. Dy Nedersaksyske regio’s yn noardwest Dútslân is net mei praat. Dat is wol bedoeling, mar dat sil tagelyk net tafalle. Wy prate nammentlik net oer ien Nedersaksyske taal, mar oer in grut ferskaat oan Nedersaksyske streektalen. Yn Nederlân besteane al sa’n njoggen farianten. Wy ha yn Fryslân fansels it Stellingwerfsk, dat we gauris it Oertsjongersk neame, mar we ha ek it Pompstersk yn Kollumerpomp en omkriten. Fierder ha we it Grinslânsk dêr’t ek it Noarddrintsk by heart, it Middendrintsk en it Súddrintsk, it Geldersk-Oeriselsk, it Twintsk en dan ek noch de farianten op de Feluwe en yn Twinte-Graafschap. Farianten genôch dus. Dat sil yn Dútslân net oars wêze. Ik sei al, dêr is noch net mei praat. It neamde konvenant is ôfsletten mei fjouwer provinsjes en twa Fryske gemeenten. Ik freegje my no wol ôf wêr’t al dy oare gemeenten yn dy oare provinsjes bliuwe! Botte homogeen is it allegearre net. Sa’n konvenant hat wat fan in stilhâlder of, helte slimmer, in poppesûger.

De Tsjonger, grinsrivier tusken it Frysk en it Stellingwerfsk

Yn it konvenant, dat mei fjouwer kêsten en fiif bledsiden de koarte kant it neist is, steane gjin tasizzingen oer erkenning as taal, oer jild, oer doelen en sa fierder. Der stiet ek net yn wannear’t it wer fernijd wurde moat of sa. Likegoed binne de minsken dy’t foar dy Saksyske streektalen opkomme posityf. Se prate oer erkenning fan it Nedersaksysk en fine dat it no in folweardige taal is. Dat it konvenant yn it foarste plak in symboalyske wearde hat, binne se it wol mei iens. Likegoed is it moai dat der omtinken is foar har streektaal, want it is net samar in streektaal. It Nedersaksysk fynt syn oarsprong yn de achtste en njoggende iuw yn Westfalen en Nedersaksen. It wie yn de midsiuwen ek de taal fan de Hanze. It Nedersaksysk hat dus net in Nederlânske, mar in Dútske eftergrûn.

Ik fyn it Nedersaksysk in moai ûnderdiel fan ús taalsystematyk. Dat begjint al mei de lûding mei it yn ferhâlding grutte tal klinkers. De wurden binne fansels ek nijsgjirrich. Tink mar oan: moi (hallo), goei’n aovnd, hoe oold bin ie, geern doan, hoe geet ’t en wurdsjes as: aaltemit (miskien), vrogger (eartiids), perveensie (provinsje) en deenkelsdag fansels. As skoaljonge wist ik al fan it bestean fan it Saksysk. Doe wiene we yn de skoalfakânsje (de grutte fakânsje) gauris útfanhûs by in omke dy’t tichteby Swol wenne. Dy omke prate sa’n Saksyske streektaal. It wie hiel nijsgjirrich en harkje nei him. It wie in aardige omke en ik ha my wolris ôffrege oft ik troch dy aardige omke dy streektaal ek aardich fûn, of dat it foar in part ek oarsom wurke hat. Om’t guon wurden oars wiene, begriepen we net altyd alles. Omke, yn dy streektaal fansels ‘ome’, fertelde graach wat dy wurden betsjutten. As Fries en as eardere útfanhuzer yn Saksyske streken fyn ik it moai dat der mear omtinken foar it Nedersaksysk liket te kommen. Dat der gjin konkrete dingen yn dat konvenant steane, fyn ik spitich. Hoewol’t ik erchtinkend bin, wol ik de minsken dy’t sa’n streektaal prate likegoed graach lokwinskje. Wa wit wurdt it konvenant dochs it begjin fan nije taalgebrûksituaasjes!

foto’s © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 20 oktober yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
oktober 23, 2018 06:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.