Asing Walthaus komt nei Biblioteek Dokkum

oktober 26, 2018 07:42

Asing Walthaus, bekend skriuwer en kollumnist fan de Ljouwerter Krante, komt freed 2 novimber nei Biblioteek Dokkum. Hy fertelt de gasten op in ynformele gearkomste oer syn wurk as redakteur, skriuwer, sjoernalist, kollumnist en filmresinsint fan de Ljouwerter Krante.

Der is gelegenheid om fragen te stellen oer syn wurk, hoe’t er skriuwt, wat der allegear by komt te sjen en wat de besikers allegear noch mear witte wolle.

Mear ynformaasje
De lêzing is op freed 2 novimber fan 19.30 – 21.30 oere yn Biblioteek Dokkum. De kosten binne € 5,- foar biblioteekleden en € 7,50 foar net-leden. Oanmelde kin fia ontdekdebieb.nl of oan de baly yn de biblioteek.

oktober 26, 2018 07:42
Skriuw in reaksje

13 opmerkingen

  1. jangerben oktober 29, 19:32

    No, dat Asing Walthaus yn de bieb yn Dokkum komt, hat net folle mei de Fryske taal te meitsjen. Yn de Ljouwerter binne syn kollums meast, as eins alles yn it Nederlânsk.
    Sels de kollum om nije wurden te betinken foar it Frysk wurdboek binne yn it Nederlânsk.Doe’t ik him dêr op oanspruts, skrau er dat ek net Friezen it begripe moasten.Ik ha n him werom mailt dat hy op san manear hy meiwurke oan de teloargong fan de Fryske taal en dat de Afûk om’e nocht kursussen foar net Friezen jout, want as hja Frysk lêze wolle kinne se aillinne mar by de bieb terjochte. Dêr ha ik gjin andert op kriegen.

  2. Rob Tielman oktober 30, 10:19

    De kollum fan Asing Walthaus oer nije Fryske wurden ha my stimulearje te besykje om mear Frysk te lêze en te skriuwe…

  3. Bakker oktober 30, 13:02

    In moai stribjen Tielman. Ik wit, it is taboe yn Fryslân ien te ferbetterjen, mar sadwaande leart men it net – ha my stimulearrE te besykjeN om mear Frysk te lêzeN en te skriuweN. Dus nei TE folget in N. Súkses mei it leareN fan ús skoandere taal.

  4. De Jong oktober 30, 17:09

    Nijsgjirrich, wêrom soe dat in taboe wêze, tinke jo, Bakker?

  5. Rob Tielman oktober 30, 17:16

    Bêste Bakker,
    Tige Tank! Al dwaande leart men…

  6. Bakker oktober 30, 17:29

    Dat is myn ûnderfining, De Jong, en ik wit ek net wêrom. Makket men dêrfoaroer yn ‘e lânstaal in flater, dan wurdt der lake en folget dêr fuort in ferbettering op. Sadwaande fiede wy inoar iensidich op. Sa moat it lykwols net – dat is net yn lykwicht. Mar spitigernôch reagearje Friezen wrantelich as se konfrontearre wurde mei harren tekoart oan kennis op it mêd fan de eigen taal. It grutske aard??

  7. Bakker oktober 30, 17:40

    Tielman, jo reaksje is noflik. Sa bliuwt de ‘doar’ iepen foar mear.

  8. jangerben oktober 30, 18:54

    Prachtich Tielman, mar as jo it fan de ljouwerter ha moatte hawwe jo net folle lêsfoer.En jo hawwe tink nea fan it Afûk heart ?

  9. De Jong novimber 1, 20:12

    No, Bakker, de Friezen meie mei rjocht en reden grutsk wêze op har moaie taal, mar wêrom ferbrekke se harren dan hieltyd at ik besykje Frysk te praten?

  10. Bakker novimber 2, 19:32

    Krekt, jo oanmoedigje en in bytsje helpe -is ferbetterje- sjogge se skynber as betutteljend, skoalmasterich of ûnfatsoenlik. It is lykwols mar krekt hóe’tst dat dochst. Mar it kin ek fuortkomme út eigen ûnwissens oer hoe’t it no krekt moat yn geef Frysk. Grammatika, sinsbou, útspraak, fokabulêr, dialekt en standert ensafuorthinne. It falt net ta as men in tekoart oan Frysk taalûnderwiis hat om it goede, geve foarbyld te jaan. Dus dan mar yn it feilige ABN oergean. No sa.

  11. De Jong novimber 2, 23:36

    Tankewol foar jo opmerkings. Ik jou dochs gjin belies: yn Fryslân praat ik Fries (en utens ek at dat gaadlik is).

  12. Bakker novimber 3, 10:01

    …praat ik Frysk, bedoele jo, in Fries praat Frysk, ja hjir rimet it net haha. En OM utens ek. Prima, gean sa fierder.

  13. jangerben febrewaris 10, 21:10

    En doe wie Tielman stil.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.