Zenwykein op Skylge

septimber 27, 2018 16:26

Yn it wykein fan 12 oant 15 oktober is der op de Folkshegeskoalle  Schylgeralân in kursus Zenmeditaasje. De kursus is bedoeld foar minsken dy’t dêr al wat mei op ’e hichte binne. It programma is net dreech mar wol yntinsyf. Elkenien dy’t ek mar wat sitfleis hat is fan herten wolkom.

De hjerssfear fan Skylge is bysûnder gaadlik om op in yntinsive, mar ek ûntspande wize djipper te dollen yn it ûnderfinen fan Zen. Moarns en jûns wurdt der meditearre; de middei is frij om te genietsjen fan de rêst en skjintme fan it eilân.
As it om it waar kin en om de fysike kapasiteiten fan de dielnimmers, is by it gearstallen fan it programma ek te tinken oan aktiviteiten as meditatyf rinnen nei It Waad of op it strân, en miskien noch oare foarmen om yn it programma ‘gebrûk te meitsjen’ fan de prachtige natuer om de Folkshegeskoalle hinne.

De kursus wurdt jûn troch Willem Scheepers, zenlearaar en koördinator fan ‘Zentrum’ yn Utert (sjoch ek www.zentrum.nl)

De folsleine ynformaasje is te finen op de webside fan de Folkshegeskoalle.

septimber 27, 2018 16:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*