Ynkoarten te keap: Cultuurkalender Fryslân 2019

septimber 2, 2018 09:04

Nei it grutte sukses fan de Skuorkalinder Leeuwarden-Fryslân 2018 komt Utjouwerij Bornmeer ek dit jier mei in skuorkalinder: Cultuurkalender Fryslân 2019 – op ’e nij nei in idee fan Gerbrich van der Meer en prachtich foarmjûn troch Gert Jan Slagter. De gearstalster socht foar dizze kalinder gearwurking mei fjirtjin Fryske musea.

Ofbylding: Bornmeer

Mei 365 dagen ferhalen, anekdoates en weetjes wurdt de lêzer in jier lang traktearre op bysûndere ynformaasje oer Fryslân en de wrâld. Oer skiednis, natuer, sport, godstsjinst, middenstân en taal, en fansels oer kultuer. Yn Cultuurkalender Fryslân 2019 fertelle de musea de moaiste ferhalen oan de hân fan in objekt út harren kolleksjes. Dy objekten jouwe ferrassende ynkykjes yn it libben fan ús foarâlden dy’t ús wengebiet en ús tinken mei foarme hawwe.

De stikjes geane oer fragen lykas wêrom’t Fryske boargers yn ’e midsiuwen in learene amer yn ’e hûs hawwe moasten. Hoe’t it kin dat yn Dokkum in heale Rembrandt hinget. Wêrom’t Eise Eisinga syn bêd hast mei in klok dield hie ynstee fan mei syn frou. Wat in pistoalskot yn Fryslân te krijen hat mei it DNA fan kening Willem-Alexander. Wêrom’t der yn 1956 gjin Alvestêdewinner wie.

Neist de ferhalen befettet de Cultuurkalender Fryslân 2019 eltse dei ferwizingen nei aktiviteiten en tentoanstellingen fan de fjirtjin dielnimmende musea. Cultuurkalender Fryslân 2019 is fan 1 oktober 2018 ôf te keap by de boekhannel en by Utjouwerij Bornmeer.

ISBN: 978 90 5615 4790 | SIDEN: 736 | Utfiering: Paperback | NUR: 014 | Taal: Frysk & Nederlânsk | Priis: € 15,00

info@bornmeer.nlwww.bornmeer.nl

septimber 2, 2018 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.