Ynformaasjejûn yn MCL: sûn libje mei erflik ferhege golesterol

septimber 18, 2018 08:44

Fieding, medisinen, al betide medyske kontrôles by bern; it binne in tal foarbylden dêr’t minsken mei erflik ferhege golesterol rekken mei hâlde moatte. Op tiisdei 24 septimber 2018 fan 19.00 oant 21.30 oere is yn it MCL in ynformaasjejûn oer dy oandwaning.

MCL

Dêr wurdt omtinken jûn oan neamde ûnderwerpen en oare wichtige saken dy’t te krijen ha mei de oandwaning, dy’t ek bekend stiet ûnder de namme Familiêre Hypergolesterolomy (FH). De tagong foar de jûn, dy’t holden wurdt yn it auditoarium en de foyer fan it MCL, is fergees. Oanmelde is wol nedich. Dat kin oant 21 septimber troch in e-mail te stjoeren nei c.wassenaar@znb.nl, ûnder fermelding fan it tal persoanen.

Sprekkers
Op de ynformaasjejûn oer erflik ferhege golesterol komme ferkate sprekkers oan it wurd dy’t oer ferskillende aspekten fan dy oandwaning fertelle. Ferpleechkundich konsulinten Kardio Faskulêr Risikomanagement Carla Wassenaar en Mariëlle Wijmenga lizze út wat FH krekt foar oandwaning is. Ynternist-faskulêr genêskundige Ilse Schrover fertelt mear oer ûndersyk nei erflik ferhge golesterol, wêrnei’t Froukje Ulbels (ek ynternist-faskulêr genêskundige) sprekt oer behanneling dêrfan mei medisinen. Bernedokter Evelyn van Pinxteren fertelt oer FH by bern. Diëtiste Anda Toonder is de lêste sprekker op de jûn, sy sprekt oer fieding by FH. Dêrnei is der noch romte foar it stellen fan fragen.

Ien fan de meast foarkommende erflike stofwikselingssyktes
Familiêre Hypergolesterolemy (FH) komt wrâldwiid foar. De oandwaning is ek ien fan de meast foarkommende erflike stofwikselingssykten. Yn Nederlân hawwe likernôch 70.000 minsken FH. Dat komt del op ien op de 250. It hawwen fan FH betsjut in ferhege risiko op it krijen fan hert- en iersykten, nettsjinsteande in sûne libbensstyl. Dat komt trochdat it golesterol fan de berte ôf ferhege is, dêr’t dat by minsken sûnder FH meastal pas letter yn it libben heech wurdt.

Gearwurking me LEEFH
De ynformaasjejûn wurdt organisearre troch de ôfdielings ynterne genêskunde, bernegenêskunde en diëtetyk fan it Medysk Sintrum Ljouwert, yn gearwurking mei de stifting LEEFH (Stichting Landelijk Expertisecentrum Erfelijkheidsonderzoek Familiaire Hart- en vaatziekten). De jûn wurdt holden yn it ramt fan de kampanje ‘Bescherm je erFHgoed’, dy’t as doel hat om bewustwurding oer FH te kreëarjen.

septimber 18, 2018 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.