Wikseling by Steatefraksjes GrienLinks, ChristenUnie en SP

septimber 30, 2018 06:52

By syn ôfskied krige Retze van der Honing út hannen fan syn fraksjemeiwurkers syn eigen glossy oer 10 jier steatelidmaatskip.

Yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân makket Retze van der Honing (GrienLinks) plak foar syn opfolger Jan Atze Nicolai. Ynze de Boer komt werom foar de ChristenUnie, omdat Richard Klerks dermei ophâldt. By de SP ferfangt Rob Burger tydlik fraksjegenoat Renny van der Heide. Mei noch in healjier te gean foar de steateferkiezingen op 19 maart, koe kommissaris fan de Kening Brok yn de sitting fan 26 septimber wer trije nije Steateleden beëdigje.

Nei tsien jier yn Provinsjale Steaten is it foar Retze van der Honing tiid om wat oars te dwaan. Hy sil him no benammen yn syn wenplak It Hearrenfean foar de lokale polityk ynsette. Jan Atze Nicolai fan Ljouwert nimt de sit fan GrienLinks yn PS oer. Nicolai rint al in pear moanne mei as kommisjelid foar dy fraksje. Bûten de Steaten hat er ek de nedige politike ûnderfining, ûnder mear as riedslid en wethâlder fan de gemeente Ljouwert.

By de ChristenUnie komt Ynze de Boer fan Balk werom. Hy follet dêrmei de fakatuere fan Richard Klerks op. Richard Klerks ferlit om persoanlike reden de Steaten dêr’t er sûnt desimber 2015 diel fan útmakke. Krapoan in jier lyn naam De Boer nei alve jier yn Provinsjale Steaten ôfskied. Ofrûne juny dit jier waard De Boer lykwols, as earstopfolgjende op de kandidatelist fan syn partij yn Fryslân, wer ta kommisjelid beëdige. No skoot er troch nei syn âlde plakje yn de Steatebankjes.

Rob Burger fan Appelskea is beëdige as tydlik Steatelid foar de SP. Hy sil fanwegen sykte de kommende moannen Renny van der Heide ferfange. Burger is al trije jier warber foar de Steatefraksje yn de hoedanichheid fan earste opfolger en kommisjelid.

septimber 30, 2018 06:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.