Warnsbetinking 2018: ‘Min Frysk ûnderwiis is in iepen wûne yn ús Mienskip’

septimber 30, 2018 19:22
Taspraak op de ‘Mienskipsdei’ op it Reaklif (29 septimber 2018), útsprutsen troch deifoarsitter Sjoerd Groenhof

Wolkom!

Tige, dat jimme hjir allegearre binne op it plak dat ús de grutte bedrigings út it jier 1345 wer yn it sin bringt. Bedrigings dy’t hjoed-de-dei, mear as seis iuwen letter, ek noch lang net ferdwûn binne. Frijheid is net fanselssprekkend, foarbylden út Kataloanië en Turkije sprekke foar harsels.

Mei in lytse knypeach nei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 stiet fan ’t jier de betinking fan de Slach by Warns yn it teken fan ‘mienskip’. Dizze Mienskipsmiddei wol in manifestaasje wêze fan ienheid en foar respekt ûnderinoar, ek al kinne taal en kultuer ferskille. Ynstee fan in ferearming kin soks somtiden ek in ferriking wêze. Mar it hat ek dúdlike grinzen.

De echte ‘mienskipssin’ liket hjoed-de-dei hieltiten mear ôf te brokkeljen. Mar is it langstme dêrnei dat ek? It biedwurd fan dizze betinking is dan ek ‘Sûnder mienskip gjin takomst’, want djip woartele yn ús minslik aard leit it ferlet oan smûkens, wolwêzen en ferbûnens. Yn ús kultuer fine wy soks ornaris werom by famylje, freonen, ferienings, tsjerken en op oare moetingsplakken.

Dy mienskipssin wurdt sterk bedrige troch de globalisearring. Lykwols sille wy yn gearwurking mei de doarpen, gemeenten en provinsje de oarspronklike geast fan de mienskipssin hoedzje en noedzje moatte om dy yn stân te hâlden.

Sjoerd Groenhof op de Mienskipsdei op it Reaklif  © It Nijs

‘Iepen Mienskip’

Fryslân wol in ‘iepen’ mienskip wêze, dus ek net al te benaud wêze foar oare kulturele ynfloeden en as libbene mienskip besykje om iepen te stean foar nije ûntjouwings. Eins kin it ek net oars, want it sil net tafalle om yn ús tiid mei moderne kommunikaasjemiddels en in tanommen mobiliteit noch in sletten mienskip te wêzen. Wie it yn de sechstiger jierren yn de sa goed as homogeen Frysktalige doarpen noch fanselssprekkend dat oarstaligen dy’t dêr kamen te wenjen, it Frysk oernamen, no is dat gjin wissichheid mear. Mei troch de gruttere oantallen út ferskate lannen mei in folslein oare taal en kultuer jout dat dan ek maklik spannings, benammen foar de taal en kultuer fan in minderheid lykas de Fryske mienskip. Dan stuitet de iepenens dus op in grins en dy mei net negearre wurde. Benammen net as it om behâlden en fierder stimulearjen fan ús taal giet, it Frysk. Wie it net in útspraak fan Ghandi oer kultuer en frijheid: Ik sitearje “Kulturen fan alle lannen meie frij troch myn hûs waaie, mar ik wegerje troch harren fuortblaasd te wurden.”

Fryske taal

Sa binne de measte Frysktaligen al hiel lang wend rekke om harren te ferbrekken as Hollânsktaligen harren hjir nei wenjen sette. Op skoalle hawwe se hast alles, iensidich, yn it Hollânsk leard en dy yndoktrinaasje hat gefolgen foar it hâlden en dragen fan de minsken. En wa wol dan sa ‘ûnfatsoenlik’ wêze om steech oan it Frysk fêst te hâlden? De konsekwinsje is wol dat de status en de kwaliteit fan de taal stadichoan, benammen by de bern, yn it neigean reitsje. Yn de doarpen heart men ûnder de jongerein wat langer wat mear dat se it Hollânsk brûke. En dat is in grut gefaar foar de takomst fan ús taal.

It skoalfak Frysk is sûnt 1980, doe’t it Frysk in ferplichte fak op ús skoallen waard, oant no ta gjin grut sukses op in grut tal skoallen. Nei krap fjirtich jier kin noch mar sa’n tweintich persint fan de befolking it Frysk skriuwe. Dat docht bliken út in ûndersyksrapport fan de NHL Stenden Hogeschool mei as titel It is mei sizzen net te dwaan, dat foarige wike presintearre waard. Der is yn de rin fan de jierren hiel wat sein oer it Frysk, mar ferbettering en groei is der amper. En dat raast fansels oan ’e protters.

Spitigernôch docht út ûndersyk hieltyd wer bliken dat te folle skoallen – de goede net te nei sprutsen – it Frysk net serieus nimme. Foar de takomst fan de Fryske mienskip is soks gjin bliid berjocht en op it stuit in iepen wûne. No kinne jo de skuld jaan oan de yn 2014 feroare regeljouwing foar it Frysk (skoallen meie draachflak foar it ûnderwiis yn it Frysk bepale), mar dat wol net sizze dat dêrmei de ferantwurdlikens fan skoallen en ek de provinsje Fryslân (taak om it oanbod fan it Frysk ûnderwiis mei de skoallen op te stellen foar kearndoelen en ûntheffing fan de ferplichting!!) fan ’e baan is. Der stiet hiel wat op it spul en dêrfandinne dizze mienskipsdei om jin bewust te wêzen en te wurden fan de dochs wol nuodlike situaasje. In iepen mienskip betsjut ferantwurdlikens fan wjerskanten en dêr heart it Frysk likegoed by. De taal is neist oare eleminten fan identiteit essinsjeel foar in libbene Fryske mienskip.Meiinoar en foarinoar, in mienskip dy’t takomst hat!

septimber 30, 2018 19:22
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. HJW oktober 1, 18:03

    De grutste iepen wûnen binne de âlders en de neiste famylje. As dat nochris feroaret is der kâns fan slagjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.