‘WAD’ – Oerlibje op de grins fan wetter en lân

septimber 26, 2018 08:10

It offisjele fotoboek by de nije film fan Ruben Smit

Op 1 oktober giet de film WAD fan Ruben Smit yn premjêre. Tagelyk mei de film ferskynt by Utjouwerij Noordboek it offisjele fotoboek WAD – Overleven op de grens fan water en land. It earste eksimplaar fan it boek wurdt by de filmpremjêre oanbean oan minister Carola Schouten (Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit).

Foto: Noordboek/Bornmeer

It boek WAD – Overleven op de grens van water en land giet troch dêr’t de film ophâldt. It befettet in sublime samling artistike foto’s fan it Waad, selektearre út de tsientûzenen opnamen dy’t filmmakker Ruben Smit en syn tiim makke ha. It boek lit it Waad sjen sa’t it noch nea earder yn byld brocht is – fan grutte hichten ôf oant yntym tichtby – tanksij spesjale kamera’s en de nijste techniken.

Ruben Smit bringt in oade oan it Waad, troch yn dit boek op grut formaat en superieure fotokwaliteit dat wrâlderfgoed ta keunstfoarm te ferheffen. Ut de ynlieding fan Ruben Smit: “Ik moast it ferhaal fertelle fan hoe’t al dy fassinearjende organismen mei-inoar libje. Ik moast it sjen litte. Wêrom? Om’t it waadgebiet sa bysûnder is dat it in oade fertsjinnet. Om’t it ferhaal sjoen wurde moat.”

De foto’s binne makke troch Ruben Smit, Melchert Meijer zu Schlochtern, Ruurd Jelle van der Leij, Yoeri van Es en oaren. Dr. ir. Ruben Smit is in pasjonearre ekolooch en fotograaf. Sûnt 2003 is er profesjoneel natuerfotograaf en filmer. Hy wûn ferskate prestisjeuze ynternasjonale fotoprizen. As filmregisseur fan natuerfilms makke er syn debút mei De Nieuwe Wildernis (2013) en de telefyzjesearje mei deselde namme by de VARA. Foar De Nieuwe Wildernis krige Smit in Gouden Keal en de Rembrandt Award 2014 foar de bêste Nederlânske film. Yn 2016 is Smit útroppen ta nasjonaal natuerkenner.

WAD – Overleven op de grens van water en land is te keap by de boekhannel en by Utjouwerij Noordboek.

ISBN: 97890 5615 4820 | NUR: 653/410 | Utfiering: Hurde kaft 27 x 32 cm | Siden: 208 | Taal: Nederlânsk | Priis: € 35,00

info@bornmeer.nl | www.noordboek.nl

septimber 26, 2018 08:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.