Waarpraatsje: woansdei ek noch waarm

septimber 4, 2018 19:02

DE JOUWER – Nei in neare tiisdei mei foaral tonger op ‘e grins mei Oerisel sil it woansdei ek noch waarm wêze.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is in (tonger)bui net hielendal útsletten. Fierders is de loft berûn, mar der binne ek opklearringen. Der soe op guon plakken wat damp úntstean kinne. De wyn is swak oant matich en komt út it noardeasten. It wurdt 14 graden.
Woansdei is de loft, nei alle gedachten, foar it grutste part berûn, mar de kâns op in (tonger)bui is yn Fryslân net sa grut. De noardeaste- oant eastewyn is swak. It wurdt op ‘e nij tusken de 20 en 24 graden.

Fan tongersdei ôf wurdt it koeler. Boppedat bliuwt it in bytsje ritich.

Jan Brinksma

septimber 4, 2018 19:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.