Waarpraatsje: tiisdei buien, mar wol waarm

septimber 3, 2018 19:13

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel wol kreaze moandei krije we tiisdei rein- en tongerbuien. It wurdt wol frij waarm.

Yn ’e nacht fan moandei op tiisdei is der earst bewolking, mar geandewei de nacht wurdt it frij helder. Op guon plakken is (wat) damp net útsletten. De wyn is swak en komt út it noarden. It wurdt 14 graden.
Tiisdei is der earst miskien damp, mar letter sille wy de sinne ek sjen. Yn ‘e middei ûntsteane hingelwolken en kin der in rein- of tongerbui falle. De wyn is swak en komt út it noardeasten. It wurdt tusken de 20 en 24 graden.

Nei tiisdei bliuwt it ritich mei kâns op delslach. Woansdei is it noch waarm, mar fan tongersdei ôf wurdt it koeler.

Jan Brinksma

septimber 3, 2018 19:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.