Waarpraatsje: sinne, mar ek bewolking
Resint ferskynd
DE JOUWER – Nei in dei mei in soad sinne, feroaret der freed net safolle.
Yn ’e nacht fan tongersdei op freed binne der opklearringen, mar der is ek kâns op bewolking. Op guon plakken kin wat damp ûntstean. De wyn is swak oant matich en komt út it suden oant súdwesten. Ofhinklik fan bewolking of opklearringen wurdt it tusken de 5 en 10 graden.
Freed is der earst sinne mar geandewei komme der ek hingelwolken en op guon plakken is in bui net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich. It wurdt 18 graden.
Yn it wykein wikselje bewolking en sinne inoar ek ôf. De temperatuer leit dan om de 19 graden hinne.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje