Waarpraatsje: oergong nei ritich waar

septimber 2, 2018 19:24

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreas wykein, wurdt it fan moandei ôf ritich mei kâns op delslach.

Yn ’e nacht fan snein op moandei rekket de loft stadichoan berûn, mar it bliuwt noch wol drûch. De noardeastewyn is swak oant matich. It wurdt 13 graden.

Moandei is de loft berûn en kin der op guon plakken wat rein of in bui falle. De wyn komt út it noarden en is matich. It wurdt om de 20 graden hinne.

Tiisdei is der kâns op rein- en tongerbuien. Fan woansdei ôf wurdt it minder waarm.

Jan Brinksma

septimber 2, 2018 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.