Waarpraatsje: neisimmer kommendewei

septimber 15, 2018 18:56

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in hiel kreaze sneon krije wy takomme wike waarm neisimmerwaar.

Yn ’e nacht fan sneon op snein binne der opklearringen. De sudewyn is swak. Boppe de Iselmar en by de kust lâns stiet in matige súdwestewyn. It wurdt 9 graden.
Snein skynt de sinne mar der is wol in soad hege bewolking. De wyn is matich en komt út it súdwesten. Boppe de Iselmar en by de kust lâns is de wyn frij krêftich oant krêftich. It wurdt om de 20 graden hinne.

Takomme wike krije wy neismimmer. Dat set moandei al útein mei temperatueren boppe de 20 graden. Letter yn ’e wike wurdt it noch wat waarmer. Foaral tiisdei sil in waarme dei wurde. It bliuwt boppedat hast de hiele wike drûch.

Jan Brinksma

septimber 15, 2018 18:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.