Waarpraatsje: Nei tongersdei ritich

septimber 19, 2018 18:50

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It neisimmerwaar is hast dien. Fan freed ôf wurdt it ritich en in stik minder waarm.

Yn ’e nacht fan woansdei op tongersdei binne der opklearringen, mar op guon plakken is der ek bewolking. De súdwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 14 graden.
Tongersdei is der noch in bytsje sinne, mar de loft rekket hieltyd mear berûn. It soe sels in bytsje reine kinne. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns krêftich. It wurdt goed 20 graden.

Fan freed ôf feroaret it waar. It wurdt dan ritich mei bytiden in soad wyn. Boppedat bliuwt it net drûch.

Jan Brinksma

septimber 19, 2018 18:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.