Waarpraatsje: efkes hjerst

septimber 21, 2018 22:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in dei mei in soad wyn, rein en buien wurdt it sneon wat rêstiger. Snein komt de hjerst efkes werom.

Yn ’e nacht fan freed op sneon wikselje opklearringen en bewolking inoar ôf. Der kin op guon plakken noch in bui falle. De weste- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns krêftich. It wurdt 11 graden.
Sneon wikselje opklearringen en hingelwolken inoar ôf. In lokale bui is net hielendal útsletten. Yn ’e jûn rekket de loft stadichoan berûn. De wyn komt út it westen en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. Letter wurdt de wyn súdwest en jout er him wat del. It wurdt net waarmer as 16 graden.
Snein wurdt in (tige) wiete dei.

Jan Brinksma

septimber 21, 2018 22:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*