Utnûging Europeesk Talefeest

septimber 19, 2018 18:59

Woansdei 26 septimber is it Europeeske Dei fan de Talen. Yn dat ramt  binne belanstellenden fan herten wolkom yn it Lân fan Taal yn Ljouwert.

Hoe seit men ‘tankewol’ yn it Welsh of ‘hoe giet it mei dy’ yn it Nenetsk? Minsken dy’t yn de kunde komme wolle mei it Malteesk, it Retoromaansk of it Skiermûntseagersk moatte der op 26 septimber by wêze, want dan wurde oardel oere lang speak-dates yn 21 ferskate talen holden. EUNIC Nederland organisearret dy yn gearwurking mei de Europeeske Kommisje, Lân fan Taal, it Europeesk Buro foar Lytse Talen en Afûk: koarte sesjes fan fiif minuten, om de oanwêzigen fan dy talen priuwe te litten. Men kin gewoan oanskowe by de dosint fan de taal dêr’t men wat mear fan witte wol.

Talen dy’t ûnder oare oanbean wurde binne:  Biltsk, Noard-Frysk, Nenetsk, Papiamentu, Skiermûntseagersk, Gebeartetaal, Welsh, Tsjechysk, Kroätysk, Italiaansk, Poalsk, Spaansk, Eastenryks-Dútsk, Roemeensk, Malteesk, Katalaansk, Hongaarsk, Frânsk, Finsk, Turksk, en Retoromaansk.

Wêr: Talepaviljoen MeM en Gysbert Japicxseal Tresoar
Wannear: 26 septimber fan 18.30-20.00 oere trochgeand
Tagong: Fergees

septimber 19, 2018 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.