Eric Hoekstra: Ut ‘Roman fan in hielmaster’ (33)

septimber 15, 2018 07:43

Rembrandt, Kristus yn ’e stoarm

Ut ’e stoarm yn ’e rêst komme

As de dei ferrûn is, far ik by nacht mei myn freonen nei de oare kant fan ’e mar. Dejingen dy’t dêr wenje, rinne net lyk en oanbidde it âlde geweld lykas de foarâlden. De learlingen binne bang foar de reis nei it ûnbekende. Om wat te bekommen jou ik my del op in kessen yn it efterste fan ’e boat. De wyn boazet oan en slacht it wetter oer de râne fan it skip. It komt fol mei wetter te stean. De learlingen meitsje my wekker en raze:
“Master, jouwe Jo der neat om dat wy de macht oer de boat ferlieze en te’n ûnder gean?”
Ik sjoch it hear oer, de minsken en de eleminten, en sis:
“Jou jim del!” en “Wês stil!”
Dan jeie de weagen har emoasjes net langer yn ûnstjoer en de wyn jaget har tinzen net langer útinoar en it wurdt fredich en stil om har hinne.
“Wêrom binne jim sa benaud?” freegje ik har. “Hawwe jim gjin fertrouwen? Jim freegje wûnders fan my, mar ik freegje fan jim allinnich it wûnder fan fertrouwen.”
De learlingen binne fernuvere en flústerje tsjininoar:
“Wat is Hy dochs foar man? Hy jout in befel en it wurdt fredich en stil om him hinne. Hy stiet boppe de minsken en de eleminten.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op 
https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
septimber 15, 2018 07:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.