Unbidige demonstraasje foar Katalaanske ôfskieding

septimber 11, 2018 22:26

In ûnbidich soad minsken hawwe tiisdei yn ‘e Katalaanske haadstêd Barcelona demonstrearre foar in ûnôfhinklike Katalaanske steat. Hja rûnen yn in staasje mei in lingte fan seis kilometer troch de strjitten fan ‘e stêd. Sunichjes gie it dêrby net om en ta: it wie in raasdemonstraasje. De hûnderttûzenen dielnimmers âlen gjalpen lykas ‘ûnôfhinklikens’ en ‘frijdom’. Fierders easken hja it frijlitten fan de Katalaanske lieders dy’t ferline jier, nei it útroppen fan ‘e ûnôfhinklikens, troch de Spaanske plysje opsletten binne.

Om fjirtjin minuten oer fiven wie de kliber lykwols efkes stil. Dat komt om’t der op in digitale klok dan ’17:14’ stiet en yn it jier 1714 rekke Kataloanië syn selsstannigens kwyt. It lân waard doe part fan Spanje. Dat wurdt noch alle dagen betocht.

 

septimber 11, 2018 22:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.