Tûzenen bern evakuearre op de Krim fanwege gemysk lek
Resint ferskynd
Yn in doarpke op de Krim, it Oekraynske skiereilân dat yn 2014 troch Ruslân anneksearre waard, binne sa’n 4000 bern evakuearre. Yn it doarp is in giftige gemyske stof út in titaniumfabryk lekt. It soe gean om sweveltriokside.
Ynwenners fan it plakje Armjansk klagen sûnt ein ferline moanne oer in trochkringende, soere lucht. Der siet ek in rusteftige substânsje op dakken, beammen en auto’s. De autoriteiten hawwe dêrom besletten om alle bern út it doarp wei te heljen en oer te bringen nei oare plakken op de Krim. Hja binne foar twa wike evakuearre.
Yn Oekraïne jout it lek ek oerlêst. Neffens in hege lokale funksjonaris binne 37 grinswachten oerbrocht nei it sikehûs fanwege it lek.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje