Teatermakkers jouwe dak- en thúsleazen in stim

septimber 14, 2018 08:50

Yn in tiid mei in weromlûkende oerheid en in tanimmende polarisaasje, groeit it oantal boargers dat him isolearre fielt. Goed 60.000 minsken dogge in berop op maatskiplike opfang, 90% dêrfan kampt mei skulden. Yn de Theater Utrecht-produksje Thuislozen, fan regisseur Thibaud Delpeut yn gearwurking mei Adelheid Roosen (Adelheid&Zina), krije de minsken dy’t net mear meidraaie kinne yn de maatskippij en bûten de boat falle, in stim.

Foto: Jenneke Boeijink

Thuislozen lit it libben sjen hoe’t it werklik is. De wrâld fan de strjitte. It begjint mei in rommelich plein yn in stêd, befolke troch maatskiplik ferdreaunen: ferslaafden, wurkleazen, alkoholisten, prostituees, dealers. In op drift rekke dichteres en in opbaarnde direkteur. Kwetsbere minsken mei pynlike ferhalen. Delpeut en Roosen binne yn op arbeidzjen mei de teaters yn alle stêden dêr’t Thuislozen spilet op syk gien nei lokale helpferlieners, stedsgenoaten of frijwilligers, dy’t har om de eigen leefomjouwing en de soarch om oaren bekommerje. Dy lokale helden fan ynstânsjes as De Tussenvoorziening yn Utert, Wereldvrouwenhuis yn Nimwegen, Het Droombankje yn Arnhim, GGZ Eindhoven, it Catharijnehuis Utert, Traverse Den Bosch, Gemeente Utert, SMO Breda, Straatpastoraat yn De Haach, Back UP en Stichting Rechtop yn Utert krije in rol yn it stik, dêr’t se harsels yn spylje. Harren persoanlike ferhalen wurde fielber yn byld brocht en jouwe de besiker konkrete hannelingsperspektiven. (Lanlike) maatskiplike organisaasjes lykas Fier, Federatie Opvang, Leger des Heils, Humanitas Amsterdam en Quite500 binne ek belutsen by it projekt.

Thuislozen giet 12 oktober 2018 yn premjêre yn Stadsschouwburg Utert, de lanlike toernee is fan 10 oktober o/m 1 desimber 2018.

septimber 14, 2018 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.