Tal Welskpraters nimt wer ta

septimber 23, 2018 15:49

Der wenje yn Wales op it stuit 875 tûzen minsken dy’t Welsk prate kinne. Dat is 29 persint fan ‘e befolking. Yn 2008 wiene dat noch 727 tûzen, doe 26 persint fan ‘e befolking. Dat is in taname fan sa’n tweintich persint yn absolute sifers en fan 14 persint yn relative sifers. Nei in stadige delgong  yn it ferline liket it dus no wer goed te gean mei it Welsk.

It regear fan Wales hat in pear jier ferlyn in nij taalbelied oannommen. Dat is net langer rjochte op behâld, mar op groei. Yn 2050 moatte der in miljoen Welskpraters yn Wales wenje.

De gegevens komme út in grutskalich ûndersyk fan it Office of National Statistics, te ferlykjen mei it Nederlânske Centraal Bureau voor de Statistiek.

Net oeral yn Wales buorket it Welsk foarút. Yn de gemeenten Flintshire en Torfaen naam it tal Welskpraters ôf. Yn it greefskip Pembrokeshire is it Welsk it hurdst foarútbuorke: it tal Welskpraters is dêr yn tsien jier tiid mei tsien persint tanommen.

septimber 23, 2018 15:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.