Taalûndersyk Fryske Akademy ûnbrûkber

septimber 7, 2018 17:22

Buorket it Frysk no foarút of efterút? De sifers dy’t de Fryske Akademy fan ‘e wike presintearre, litte in ferbettering sjen. Allinne kinne de nijste ûndersyksgegevens net ferlike wurde mei dy fan foarige ûndersiken. Se binne ûnbrûkber om nei te gean hoe’t it mei de behearsking fan it Frysk giet. Dat skriuwt Pieter Atsma hjoed yn it Frysk Deiblêd.

De Fryske Akademy hat yn 1980 en yn 1994 ûndersocht hoe’t it der mei it Frysk foar stiet. Der wie yn dy perioade gjin grutte feroaring. De provinsje Fryslân hat in pear lytse ûndersiken útfierd en dêr kaam likernôch itselde út. It Frysk like dus stabyl te wêzen.

De provinsje hat de Fryske Akademy frege om nochris in grut ûndersyk út te fieren nei de behearsking en it gebrûk fan it Frysk. De wittenskippers Edwin Klinkenberg en Nika Stefan hawwe dat op harren nommen. Ferline jier presintearren hja de sifers al yn in boekje mei de namme Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje. Neffens dat boekje wie it Frysk in bytsje foarútbuorke.

Klinkenberg en Stefan hawwe harren ûndersyk allinne op in oare manier útfierd as de foarige ûndersiken. By dy foarige ûndersiken giene wittenskippers yn Fryslân mei in fragelist by de doarren del. Klinkenberg en Stefan hawwe minsken in brief stjoerd mei it fersyk om op ynternet in fragelist yn te foljen. Dat is in hiel oare metoade. As de metoade feroaret, kin men yn de wittenskip gegevens net mear goed ferlykje. Dêrtroch is net mei wissichheid te sizzen oft it Frysk no in better of in minder plak hat as healwei de jierren njoggentich.

De Fryske Akademy hat dêrom ekstra wittenskippers ynskeakele om “de uitkomsten meer vergelijkbaar te maken”, sa’t Atsma skriuwt. Dat sil lykwols nea hielendal slagje. Atsma skriuwt dat it mooglik is dat de minsken dy’t de list ynfolle hawwe “veelal mensen zijn die de Friese taal een warm hart toedragen”. Boppedat hawwe folle minder minsken de fragen beantwurde as by de foarige ûndersiken. De ûndersikers hawwe mar fan ien op ‘e tsien minsken dy’t hja oanskreaun hawwe in reaksje krige.

Neffens de Fryske Akademy wie der te min jild om it ûndersyk op in betrouberder manier út te fieren. Atsma seit dat de provinsje no net wit oft it Frysk der better of minder foar stiet as yn it ferline, sadat it ûnmooglik is om nei te gean oft it provinsjaal taalbelied fertuten dien hat.

It boekje Taal yn Fryslân, de folgjende generaasje is fergees op ynternet beskikber. It stiet hjirre:
https://pure.knaw.nl/portal/files/5400672/Rapportaazje_Taal_yn_Frysl_n_de_folgjende_generaasje.pdf

septimber 7, 2018 17:22
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Cor Jousma septimber 7, 17:35

    De Akademy moat better wurk leverje! Hjir hat nimmen wat oan.

  2. Abe septimber 8, 11:27

    Hulde foar it FD! It punt is dat der mar safolle (of eins: sa’n bytsje) jild beskikber steld wurdt. In goed wittenskiplik ûndersyk nei it brûken fan de taal kostet trije, fjouwer of fiif kear safolle. Dat jild krijt de Akademy net fan de provinsje, want dêr binne se sljucht op doekjes foar it blieden, net op betroubere sifers. Dy’t it oars hawwe wol, moat dus net by de Akademy wêze mar by de provinsje. Dus by ,,De Rouwe, De Rouwe, De Rouwe”, hearde ik fan ‘e wike immen sizzen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.