Sybren Singelsma: ynstoarten sosjaaldemokrasy yn Europa útdaging foar sintrumrjochts

septimber 9, 2018 08:00 Fernijd

Kollum

It politike midden yn Europa hat sûnt jierren yn hannen west fan sosjaaldemokraten en kristendemokraten, mei hjir en dêr sa no en dan in rol foar de liberalen. Yn it Europeesk Parlemint is dy machtsdieling hast yn beton getten. Der is in akkoart dat it foarsitterskip rûlearret tusken dy twa politike famyljes, en de ferwachting fan it ‘Spitzenkandidate’-systeem wie dat it foarsitterskip fan de Europeeske Kommisje ek ôfwikseljend troch ien fan dy twa politike famyljes waarnommen wurde soe.

By de lêste ferkiezingen yn Nederlân, Frankryk, Dútslân en Italië binne sosjaaldemokraten desimearre, en lykje se op wei te wêzen om yn de measte Europeeske lidsteaten in marzjinale partij te wurden. Op termyn sil sosjaaldemokrasy net mear de twadde politike famylje wêze, dat is wol wis.

It is mar de fraach oft de kristendemokraten en liberalen bliid wêze moatte mei it ferdwinen fan dy politike famylje dy’t se mannich kear yn ferkiezingen sa fûl bestriden hawwe. Mei de transformaasje fan sosjalisten nei sosjaaldemokraten waard de klassestriid ynruile foar de emansipaasje en ûntwikkeling fan de arbeidersklasse. Dy transformaasje, dy’t yn tritiger jierren syn beslach krige, makke dat de sosjaaldemokraten kapabel befûn waarden om regearingsferantwurdlikheid te nimmen. Sa sleaten se har oan ta de elite en kulminearre de emansipaasje fan de nei-oarlochske arbeidersklasse yn de wolfeartssteat, mei in hûs en in auto foar elkenien.

Spitigernôch hawwe sosjaaldemokratyske partij-elites mei dat sukses ek it kontakt mei harren hieltyd lytsere efterban ferlern. Wat derfan oerbleau waard ferfrjemde fan de partij-elites op it stuit dat dy yn ymmigranten in nije groep ‘ferwurpenen fan d’ ierde’ seach dêr’t it âlde konsept fan emansipaasje op tapast wurde koe. Yn it gefal fan Diederik ‘Ranger’ Samson waard it klimaat sels belangriker as de efterban. It sosjaaldemokratyske elektoraat achte dat lykwols net sa’n goed idee fan dy partij-elites. Wat oan arbeiders oer wie fielde him bedrige troch ymmigranten, sawol yn identiteit as op de arbeidsmerk. En se woene de auto ek net kwyt.

It elektoraat rûn oer nei in hiel skala populisten, dy’t sûnder skrupules en mei in protte opportunisme mei de elektorale winst fuortrûnen, mar wol op rjochts. En dêr is it teloargean fan de sosjaaldemokrasy it probleem fan sintrumrjochts mei wurden. Is Wilders yn Nederlân noch útsletten fan regearingsfoarming, en is dat yn Dútslân ek it gefal, yn Italië meitsje de populisten mei ekstreemrjochts de tsjinst út.

Dy nije radikaal rjochtse partijen binne nammentlik net allinne tsjin ymmigraasje – dêr kin sintrumrjochts him noch wol yn fine – se binne ek sterk anty-elite. En dat beskaafde sintrumrjochts is no krekt de kearn fan dy elite. De âlde klassestriid is no in striid tusken de elite en harren dy’t dêr gjin diel fan tinke út te meitsjen.

Radikaal-rjochts is in eksistinsjele bedriging foar tuskenbeiden sintrumrjochtse partijen. Mei as foarbyld de Tea Partybeweging, Alt Right en soksoarte steamingen yn de Feriene Steaten, liket de rjochts-radikale streaming benammen tuskenbeiden rjochts te bestoken. Wie de machtsdieling mei de sosjaaldemokraten basearre op respekt fan wjerskanten fan de partijkaders om it spektrum hinne dy’t ta de elite hearden, fan anty-elite en radikaal-rjochtse partijen is dat respekt net te ferwachtsjen. Dat is in nuodlike ûntwikkeling, trochdat saken op it mêd fan frede en wolfeart troch de elites bysûnder goed organisearre binne.

Moatte we ús de baten fan globalisearring, frijhannel, iepen grinzen, minskerjochten en sa ûntnimme litte trochdat de machtsdieling troch de linkse en rjochtse elites oan it weifallen is? It liket de taak fan tuskenbeiden rjochts te wurden om it histoarysk kompromis mei de sosjaaldemokrasy te ferfangen troch in skerp definiearre nije ideology. In ideology dy’t mear omfettet as dat alles de skuld fan Joop den Uyl is. In ideology dy’t yngiet op in tal noeden fan de oanhingers fan de anty-elite. Dy lykje benammen op it mêd fan de identiteit te lizzen.

Dat is de histoaryske opdracht om de ferwurvenheden fan ekonomysk en sosjaal liberalisme te behâlden. Oars bliuwt foar sintrumrjochts in plakje oer op it tsjerkhôf fan de skiednis, njonken de sosjaaldemokrasy.

Sybren Singelsma is Ofdielingshaad by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.
Hy skriuwt foar It Nijs op persoanlike titel.

 

septimber 9, 2018 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.