Syb van der Ploeg wint de Tony Feitsmaûnderwiispriis

septimber 3, 2018 11:55

Op sneintemiddei 2 septimber 2018 waard oan Syb van der Ploeg, learaar oan De Saad, skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Damwâld, de Tony Feitsmaûnderwiispriis ûtrikt.

Foarsitter Irénke Meekma rikt de priis út oan Syb van der Ploeg – foto: Feitsmafûns

Van der Ploeg, û.o. learaar Frysk en Nederlânsk, krige de priis om’t er tige warber is foar it brûken fan it Frysk ûnder jongerein. Betingst fan de priis is dat it jild (€ 1.000) brûkt wurdt foar in ynisjatyf, wat oars net op prikken set wurden wie. Van der Ploeg fynt dat der te min Frysk lêsoanbod is foar de jongerein yn it fuortset ûnderwiis. Dy miening waard breed dield. Van der Ploeg soe dêrom graach in priis ynstelle wolle foar it skriuwen fan jongereinboeken. Dêr is de priis lykwols te beheind foar. Hy wol de priis dêrom no ynsette foar it ynrjochtsjen fan in Frysktalige bibliotheek op de De Saad. Sa’n biblioteek is dêr wol foar Hollânsktalige, mar noch net foar Frysktalige boeken.

It útrikken fan de ûnderwiispriis wie ien fan de ûnderdielen fan it Bûter yn ’e Brijfestival. Dat waard organisearre troch it Feitsmafûns en holden omdat Tony Feitsma yn 2018 oars 90 jier wurden wie. Frou Feitsma, heechlearaar Frysk, is ferstoarn op 18 augustus 2009. Der binne plannen om in biografy oer har te meitsjen. Fierder is der oandacht bestege oan ferskate projekten dy’t it Feitsmafûns stipe hat. Troch Friduwih Riemersma waard in kollum útsprutsen, mei in refleksje fan Alex Riemersma.

septimber 3, 2018 11:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.