Sûnder mienskip gjin takomst!

septimber 13, 2018 19:47

Betinking op it Reaklif as Mienskipsdei

De Stifting Slach by Warns organisearret 29 septimber 2018 om 13.45 oere de jierlikse betinking op it Klif as Mienskipsdei. Ien en oar yn it ramt fan LF2018. De troch doarpsbelangen tastjoerde ferklearringen oer de wearde fan de mienskip wurde oan in fertsjintwurdiger fan Deputearre Steaten fan Fryslân oanbean. Boppedat binne der fan guon doarpen bydragen oer mienskipssin.

De Mienskipsdei wol  in manifestaasje wêze fan ienheid en respekt ûnderinoar ek al kinne taal en kultuer ferskille. Ynstee fan ferearming kin it ek in ferriking wêze.
Muzikale miwurking is der fan folkband Reizger en it korps De Lytse Súdwesthoeke.

It biedwurd fan de betinking is: Sûnder mienskip gjin takomst! Elkenien is wolkom by de stien.

Foar mear ynformaasje kin skille wurde mei 0515-331868 of 0515-569813

De manifestaasje as Mienskipsdei wurdt mei mooglik makke troch stipe fan Lân fan Taal en it Prins Bernhard Cultuurfonds.

 

 

septimber 13, 2018 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.