Súdwest-Fryslân wint jonge wurknimmers

septimber 10, 2018 08:28

Súdwest-Fryslân wol yn de eigen organisaasje mei mear jonge minsken oan ’e slach. Yn jannewaris 2019 set dêrom in traineeprogramma útein, dêr’t romte yn is foar fiif jongelju op it nivo fan hbû/wû. It oanlûken fan dat fiiftal is krekt begûn.

De gemeente fynt it wichtich dat mear jonge minsken nei harren oplieding oan it wurk kinne. “Dat wolle wy ek yn ús eigen organisaasje sjen litte”, seit de gemeentesekretaris Pieter Zondervan. Om romte te meitsjen foar jonge oanwaaks leverje âldere wurknimmers oeren yn, troch it tapassen fan it saneamde generaasjepakt. “Tagelyk moatte wy derfoar soargje dat de kennis dy’t âldere wurknimmers hawwe foar de organisaasje beholden bliuwt”, seit Zondervan. “In goede kennisoerdracht tusken âld en jong is dus nedich.”

Troch de ynset fan jonge nijkommers kin de gemeentlike organisaasje him fierder ûntwikkelje. “Want jonge minsken mei ambysjes sjogge oars tsjin dingen oan. Hja komme mei frisse nije ideeën.” Dat hat de ôfrûne twa jier bliken dien. Yn septimber 2016 naam Súdwest-Fryslân acht trainees en fiif faktalinten oan. Dat waard in súkses. Underwilens hawwe se no allegear in fêste oanstelling.

“Foarôf twivele ik enoarm, want wurkje by in gemeente like my in bytsje saai”, seit Diede Heinsius (26), yn 2016 ien fan de acht trainees. “Ik seach mysels net as amtner.” Mar se is bliid dat se doe, nei har stúdzje bedriuwskunde, dochs sollisitearre hat. “Want de dynamyk by in gemeente is grut. Ik wist net dat in gemeente oer safolle saken giet.”

De trainees wurde yn de hiele organisaasje ynset, op ferskate útdaagjende opdrachten en klussen. Faak yn ’e rol fan projektlieder, assistint of projektadviseur. “It moatte minsken wêze dy’t fluch ynsjoch hawwe yn de matearje en de problematyk fan in opdracht. En se moatte it lef hawwe om bûten de bewende paden te gean”, seit Zondervan. De trainees folgje in yntern opliedingsprogramma foar de doer fan twa jier en wurde begelaat troch in mentor mei ûnderfining.

Mear ynformaasje oer de fakatueres is de finen op www.sudwestfryslan.nl/vacatures.

septimber 10, 2018 08:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.