Repetysjes foarstelling ‘Parsifall’ (14+) fan Tryater-Jong úteinset

septimber 28, 2018 09:07

Ofrûne moandei wie de kick-off fan de repetysjes foar de Tryater-Jong foarstelling Parsifall, in koproduksje fan De Jonge Republyk en Tryater. 

Parsifall (foto: Tryater)

De foarstelling is ynspirearre op de midsiuwske Arthur-sêge: Parsifal en de hillige graal. De foarstelling is in moderne syktocht nei de fraach oft men anno 2018 jins ûnskuld en naïviteit hâlde kin. Tryater hellet Parsifall út de midsiuwske kontekst en set him oer nei de rappe feroarings en kompleksiteit fan ús tiid. Wêr wriuwt it tusken Parsifall en syn konfrontaasje mei de wrâld? Wêr rekket jins eigen wrâld dy fan de oar? In moderne syktocht oer folwoeksen wurden en it gefjocht om kontakt mei de wrâld te meitsjen.

Parsifall is in skoalfoarstelling spesjaal foar learlingen fan 14 jier en âlder. De edukaasjemeiwurkers fan Tryater komme in wike fan te foaren op de skoalle om yn de klas(sen) in yntroduksjeles te jaan op de foarstelling en sille mei help fan in app fragen foarlizze oan de learlingen. Dêrtroch moatte se by harren sels neigean hokker minsktype se binne.

Mear ynformaasje is hjir te finen.

septimber 28, 2018 09:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.