Socht: dé Grutte Pier!

septimber 12, 2018 18:56

Wennet Grutte Pier yn Fryslân, Noard-Hollân of dochs yn Sweden? Omrop Fryslân en Steven de Jong Films binne op syk nei in haadrolspiler foar in unike searje oer it libben fan Pier Gerlofs Donia; better bekend as Grutte Pier. De haadrolspiler moat dus ek net samar ien wêze, der wurdt socht nei in flinke keardel mei aktearûnderfining.

De syktocht nei miskien wol de meast legindaryske Fries, Grutte Pier, wurdt yn gong set yn binnen- en bûtenlân. En dat is net sûnder reden, sa seit regisseur Steven de Jong: “Wy sykje nei in bear fan in keardel, dy’t ek noch aktearje kin en dy binne der net safolle. Dêrom sykje wy ek bûten Fryslân.” Der wurdt socht nei in grutte, fysyk sterke akteur fan minimaal 1.90 m lang dy’t tusken de 30 en 45 jier is.

Oanlieding foar de syktocht is de searje dy’t Steven de Jong Films yn gearwurking mei Omrop Fryslân meitsje sil, ferspraat oer in perioade fan acht jier. De searje sil dan ek te sjen wêze by Omrop Fryslân. Yn acht episoaden wurdt it libbensferhaal fan de Fryske frijheidsstrider ferteld. Grutte Pier libbe tusken 1480 en 1520 en wie boer yn Kimswert. Yn dy tiid spile der in grutte boargeroarloch en Pier syn frou en bern waarden fermoarde. Yn de acht episoaden oer de lêste acht jier fan syn libben sjogge wy wêrom’t Grutte Pier, Grutte Pier wurden is.

Manlju dy’t foldogge oan de easken fan Grutte Pier kinne harren opjaan fia: www.gruttepier.tv. Dat kin oant en mei 15 oktober.

Alfêst in foarpriuwke krije? Klik hjir: fideo.

septimber 12, 2018 18:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*