Soarchpreemje takom jier omheech

septimber 12, 2018 08:09

De soarchpreemje foar de syktekostefersekering sil takom jier flink omheech. Haachske boarnen befêstigje berjochten fan ferskate media dat it kabinet útgiet fan in trochsneed soarchpreemje fan 1432 euro jiers, 124 euro mear as no.

Foto: pixabay.com

It eigen risiko bliuwt 385 euro. VVD, CDA, D66 en ChristenUnie hawwe ferline jier yn de formaasje ôfpraat dat dat bedrach dizze kabinetsperioade beferzen wurdt. Mei fanwege dy befriezing  fan it eigen risiko wie der al algemien rekken mei holden dat de preemje omheechgean soe. De ferwachting is dat de preemje de kommende jierren noch fierder omheechgean sil.

Soarchtaslach
Foar de hegere preemje oer stiet foar minsken mei in minimumynkommen takom jier in hegere soarchtaslach. Foar in ienpersoanshúshâlden giet de maksimale taslach mei 92 euro jiers omheech, foar mearpersoanshúshâldens mei 277 euro. It kabinet sil de te ferwachtsjen soarchpreemje takom wike mei Prinsedei buorkundich meitsje. It is dan noch net wis oft de trochsneed preemje takom jier yndie 1432 euro wurdt. It krekte bedrach wurdt letter dit jier, lykas altyd, bepaald troch de soarchfersekerders.

septimber 12, 2018 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.