Sjonger Koos Alberts is wei

septimber 28, 2018 19:09

Koos Alberts (foto: Wikipedia / Richard Broekhuijzen, CC)

Koos Alberts is wei. De sjonger is 71 jier wurden.

Alberts is berne yn Amsterdam. Hy waard bekend as sjonger fan it Nederlânsktalige libbensliet. Bekende ferskes fan him binne ‘Ik verscheurde je foto’ en ‘Waarom ben ik met kerstmis zo alleen’.

Yn 1987 krige Alberts in slim autoûngemak. Sûnt siet er yn in rôlstoel. Nei syn revalidaasje begûn er wol wer te sjongen. Oan syn dea ta bleau er in populêre sjonger, dy’t faak op ‘e planken stie. Alberts is ferstoarn oan ‘e gefolgen fan blaaskanker.

septimber 28, 2018 19:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.