Sinnepanielen mei koarting fia Feriening Eigen Hûs

septimber 4, 2018 09:32

De priis fan in folslein sinnepanielesysteem fia de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen fan Vereniging Eigen Huis leit yn trochsneed 21% leger as de hjoeddeiske merkpriis. Dat is it resultaat fan de feiling foar sinnepanieleleveransiers dy’t op 8 augustus holden waard. Goed 6.300 dielnimmers út Fryslân, Grinslân, Drinte en Flevolân ûntfongen fan ’e wike in oanbod op mjitte. Ynskriuwe is noch hieltyd mooglik.

Foto: pixabay.com

Skerpe priis
Leveransiers dy’t dielnommen hawwe oan de feiling fan de Kollektive Ynkeap Sinnepanielen hawwe in skerpe priis bean. In folslein sinnepanielesysteem is dêrtroch fia Feriening Eigen Hûs yn trochsneed € 1.113,- goedkeaper as oars oanbean wurdt. Leveransiers kinne dy skerpe priis biede, om’t se yn ien kear in protte klanten yn deselde regio betsjinje kinne. Dat leveret harren logistyk en ynkeapfoardiel op.

Winnende leveransiers
Sinnepanieleleveransiers Enie.nl en Tautus hawwe de feiling wûn. Krekt as de oare leveransiers dy’t meidien ha oan de feiling, binne sy kontrolearre op harren ûnderfining, bedriuwsfiering en finansjele stabiliteit. Dielnimmers fan de Kollektive Ynkeap hawwe ûnderwilens fia Feriening Eigen Hûs in oanbod fan ien fan dy twa leveransiers krige foar in folslein sinnepanielesysteem, mei materiaal, ynstallaasje, garânsjes en monitoaring ynbegrepen.

Ynskriuwe noch mooglik
De twa winnende leveransiers hawwe romte om noch mear minsken in oanbod te dwaan. Dêrom is de ynskriuwing foar de aksje yn Noard-Nederlân ferlinge. Ynskriuwe kin frijbliuwend fia eigenhuis.nl/zon. Dielnimmers krije fuortdaliks in persoanlik oanbod en kinne dat oant en mei 19 oktober akseptearje.

septimber 4, 2018 09:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.