Simone Djurrema: Muzyk yn Mellerud

septimber 29, 2018 20:00

Kollum

As ik sis dat ik fan sjongen hâld, seit hast elkenien hjir fuort tsjin my: “Dan kinst moai by it koar!” Nou ja, se sizze fansels: “Men då skulle du kunna vara med I kören!” Mar ik set it mar efkes oer, oars wurdt it in bytsje dreech foar jimme.

Der binne allinnich yn ’e gemeente Mellerud al in stik of seis koren. De Svenska Kyrkan is de steatstsjerke en oft it no tradysje is of echt leauwen, wit ik net, mar it libbet noch wol aardich, en net iens allinnich mei de kristlike feestdagen. Mar in koar, nee, net wat foar my.

De minsken hâlde hjir ek aardich fan kultuer. Der binne geregeld lytse konsertsjes yn ’e buert. Country is populêr, en folksmuzyk, it leafst mei âlderwetske ynstruminten. Der bestiet sels in Sweedske doedelsek! In trûbadoer as Doede Veeman soe it hjir bêst dwaan. As se him ferstean koene, soe ik him nûgje om hjir op te treden. Ik neam him, omdat ik as jongfaam op Sumarreheide wenne en mei in heidefeest diene Doede en ik mei oan’e revue. Tegearre diene wy de Stjonkfabrikeblues. It gie bêst, al die ik it hast yn ’e broek fan ’e senuwen. Misskien hie ik dat dwaan moatten, dat luchtsje hie der moai by past.

Wrâldferneemd yn Garyp

Op feesten en partijen wurdt hjir faak dûnsbandmuzyk spile. Soms mei schlagermuzyk, soms mear de countrykant út. It is foar safier’t ik heard haw altyd yn it Sweedsk, mar der moat op styldûnse wurde kinne. In protte jongfolk hâldt dêr ek fan en der binne spesjale buggkursussen. Bugg is in dûns dêr’t de oarsprong fan yn de Amerikaanske jitterbugg leit. Dy hat him fan de fjirtiger jierren ôf ûntwikkele ta wat it no is. It is in typysk Sweedsk fenomeen en populêr ûnder alle leeftiden, mar foaral op it plattelân.

Yn in doarp fierderop is in oerdutsen feestterrein mei iepen sydkanten. Simmers wurde dêr feesten mei bands organisearre. It wiene alle kearen typysk Sweedske nammen en ik seach it al oankommen, mei sa’n styl dat ik der nea hinnegean soe. Oant dy kear dat Black Jack spylje soe. Ik tocht dat dat wol mear in rockband wêze soe, oan ’e namme te sjen. Us buorlju giene ek hinne, dat it soe heve! Nei in pear drankjes en in pear rûntsjes om ’e dûnsflier frege ik my ôf wannear’t dat foarprogramma no ris dien wie, want it waard wat dreech mei dy dûnsbandmuzyk. Doe seach ik nochris goed en dêr stie it earne op it poadium: it wie Black Jack. Black Jack wie in dûnsband…

It is wol dudkik dat ik net sa fan dûnsbands hâld, dat it sil mei my wol net folle wurde… Net sa as mei myn nichtsje Miriam, dy’t yn twa (!) bands spilet: Vreemdt en Las Bandidas. Ik sjong wol by ús yn tsjerke (net de steatstsjerke) en meastal is dat wat gesange-eftich. Dat doch ik graach, want it is in lytse gemeente, dat der binne net folle dy’t sjonge kinne. It wyldste dêr is sa’n bytsje You raise me up.

Mar de dei dat ik in band fyn dy’t of deselde oertsjûging hat as ik én fan rûgere muzyk hâldt, of dy’t respektearret dat ik net samar alle teksten sjong, sil nei alle gedachten sa lang op him wachtsje litte dat ik tsjin dy tiid mei in rollator rin. Dan moat ik mar tarre op it lêste doarpsfeest fan doe’t wy noch yn Fryslân wennen. Dy iene kear dat ik op ’e Gariper Muzykjûn ien selsskreaun ferske dwaan mocht, mei in fantastysk groepke muzikanten, mei ûnder mear myn o sa senuweftige freondinne Maaike (dy’t it gelokkich net yn ’e broek die). Wy hiene mar twa kear oefene en ik wie sa heas as in jerke, mar wy diene it! Der stiet sels in lyts stikje fan op Youtube: https://www.youtube.com/watch?v=Nx0WF0hlyGw . It stiet hielendal oan ’e ein nei ‘One’ fan U2, oant Henk, dy’t it opnaam, syn batterij leech wie. Mar ik klei net, want no haw ik letter dochs wat om oan ’e takomstige, miskien wol Sweedsk pratende, beppesizzers te fertellen!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

septimber 29, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Miriam (it nichtsje) oktober 3, 10:56

    Wat wie dat in leuke jûn yn Garyp, ik wit it noch goed!
    Moai stikje wer nicht!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.