Shortlist Libris Skiednis Priis 2018 bekend

septimber 15, 2018 08:32

De shortlist mei fiif nominearren foar de Libris Skiednis Priis 2018 is hjoed bekendmakke yn de Volkskrant en op www.librisgeschiedenisprijs.nl.

Ofbylding: Libris Skiednis Priis

Nominearre binne:
Remieg Aerts, Biografie van een staatsman (Utjouwerij Prometheus);
Piet Hagen, Koloniale oorlogen in Indonesië. Vijf eeuwen verzet tegen vreemde overheersing (De Arbeiderspers);
Frits van Oostrom, Nobel streven. Het onwaarschijnlijke maar waargebeurde verhaal van ridder Jan van Brederode (Utjouwerij Prometheus);
Hella en Sandra Rottenberg, De sigarenfabriek van Isay Rottenberg. De verborgen geschiedenis van een Joodse Amsterdammer in nazi-Duitsland (Atlas Contact);
Gabri van Tussenbroek, De toren van de Gouden Eeuw. Een Hollandse strijd tussen gulden en God (Utjouwerij Prometheus).

Oer de priis
De Libris Skiednis Priis bekroant histoaryske boeken dy’t in algemien publyk oansprekke. De kritearia binne dat it boek in oarspronklik ûntwerp hat, noflik lêsber skreaun is en op deeglik histoarysk ûndersyk basearre is. Oan de priis in in bedrach fan € 20.000,- ferbûn.

Utrikking
Op sneintemoarn 28 oktober 2018 wurdt de Libris Skiednis Priis 2018 útrikt troch sjueryfoarsitter Jeroen Dijsselbloem yn in spesjale streekrjochte útstjoering fan it radioprogramma OVT.

Sjuery 2018
Karin van den Born, einredakteur NTR-telefyzje;
Martine Gosselink, haad ôfdieling Skiednis fan it Ryksmuseum Amsterdam;
Olivier Hekster, heechlearaar Alde Skiednis en direkteur fan it Instituut voor Historische, Literaire en Culturele Studies;
James Kennedy, heechlearaar Moderne Nederlânske Skiednis en dekaan fan it University College Utert;
Annemarie Lavèn, haadredakteur Historisch Nieuwsblad;
Klaartje Schweizer, sektormanager Kolleksjes en Behear by it Nederlands Openluchtmuseum;
Martin Sommer, redakteur fan de Volkskrant.

Sjueryfoarsitter is dit jier Jeroen Dijsselbloem, de eardere minister fan Finânsjes en âld-foarsitter fan de Eurogroep.

Gearwurking
De Libris Skiednis Priis is in inisjatyf fan Historisch Nieuwsblad, hûndert Libris-boekhannels, it Nederlands Openluchtmuseum, de VPRO, Ryksmuseum Amsterdam en de Volkskrant en wurdt dit jier foar de tolfde kear útrikt. Mei de priis wolle de inisjatyfnimmer in stimulâns jaan oan it goede histoaryske boek yn Nederlân.

Fideo’s fan de fiif nominearren
Dit jier makket de VPRO wer fan alle nominearren in fideo, dêr’t koart de essinsje fan it boek yn útljochte wurdt. De fideo’s binne fan begjin oktober ôf te besjen op www.librisgeschiedenisprijs.nl/shortlist2018.

Skiednis Festival
By it Skiednis Festival op sneon 6 oktober 2018 yn de Philharmonie yn Haarlim wurde de fiif nominearren ynterviewd troch sjuerylid en Volkskrant-redakteur Martin Sommer. Sjoch foar mear ynformaasje op www.geschiedenisfestival.nl.

De Libris Skiednis Priis makket ûnderdiel út fan de Moanne fan de Skiednis, it grutste skiednisevenemint fan Nederlân.

septimber 15, 2018 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.