Selsmakke foto fan studint hinget al 52 dagen temûk yn McDonald’s

septimber 4, 2018 09:54

It foel in Amerikaansk studint op dat yn syn lokale McDonald’s yn Teksas gjin Aziaat te bekennen wie op de foto’s fan fleurige hamburgeritende minsken dy’t dêr hingje. Hy besleat dêrom sels it heft yn ’e hannen te nimmen.

Foto: pixabay.com

De 21-jierrige Jevh Maravilla liet in poster fan himsels en in freon meitsje en hong dy op oan in lege muorre fan it flaubytrestaurant. Dat die er 52 dagen lyn, en de foto hinget der noch hieltyd. “Yn de media binne net folle Aziaten te sjen”, fertelt Maravilla oan in lokale omrop yn Houston. “De film Crazy Rich Asians ynspirearre my. As ik soks lyts as dit doch, kin it miskien al in ferskil meitsje.”

Yn juny gie de studint oan de University of Houston oan ’e slach. Hy hold in hiele fotosesje mei syn freon en bewurke de foto’s op sa’n manier dat er krekt tusken alle oare plaatsjes yn it restaurant passe soe. Foar tachtich dollar liet er de foto printsje op posterformaat. En doe kaam it spannendste momint: de poster moast op ’e muorre yn de McDonald’s komme. By de omrinwinkel fûn Maravilla wurkklean fan de hamburgerkeat en mei dy kleon oan hong er de poster temûk op.

Maravilla helle syn stunt op 13 july út. De poster hinget der noch hieltyd en oant hjoed hat net ien deroer klage. Underwilens is der wol wat media-omtinken, dat it is de fraach oft de poster bliuwt. De koarte reaksje fan de fransjizenimmer fan de oanbelangjende McDonald’s docht bliken fan wol: “Wy binne grutsk op it ferskaat yn ús restaurants en wy moedigje de kreativiteit fan de studinten oan. Wy hoopje dat we se gau wer ferwolkomje meie.”

Besjoch in filmke fan it hiele proses op YouTube.

septimber 4, 2018 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.